Bekertoernoai jout Cambuur kâns om "lelijke financiële cijfers" op te kalefaterjen

"Het zijn lelijke cijfers." Direkteur Ard de Graaf draait der net omhinne: de jiersifers fan Cambuur sjogge der net goed út. Trainer Henk de Jong wol syn direkteur helpe, troch fier te kommen yn de beker. Dêr is in moaie boanus te fertsjinjen.
Oer it ôfrûne seizoen skriuwt Cambuur reade sifers: yn it jier dat de klup degradearre út de earedivyzje wie der in ferlies fan 1,65 miljoen euro. Dat ferlies kin net hielendal goedmakke wurde mei goede prestaasjes yn de beker, mar it soe wol moai meinaam wêze.
De Jong is him dêr bewust fan: "We nimme it bekertoernoai hartstikke serieus. As we in ronde fierder komme, kinne we in moaie tsjinstanner treffe. Mei wa wit in fol stadion. En dus jild, en dat kinne we wol brûke. Dus dêr moatte we ús bêst foar dwaan."
30.000 euro foar it gripen
In klup dy't de twadde ronde fan de KNVB-beker berikt, krijt dêr 30.000 euro foar. Dan moat Cambuur winne fan MVV.
De wedstriid tusken SC Cambuur en MVV Maastricht begjint jûn om 18.45 oere, en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio.
Boppedat binne alle ynkomsten út de ferkeap fan kaartsjes, iten en drinken yn de rondes fan it bekertoernoai foar de thúsploech. Dat treft Cambuur hjoed dus. Tagelyk kostet it fansels ek jild om in wedstriid te organisearjen (bygelyks personiel en befeliging), dus dy kosten geane der noch wol fan ôf.
Prizejild KNVB-beker
Ronde | Prizejild |
Earste ronde | 12.500 euro |
Twadde ronde | 30.000 euro |
Achtste finale | 50.000 euro |
Kwartfinale | 80.000 euro |
Heale finale | 130.000 euro |
Ferliezend finalist | 200.000 euro |
Winnend finalist | 350.000 euro |
Oan omset hie Cambuur it ôfrûne seizoen ek net te klijen: dy wie it heechst yn de klupskiednis (10,86 miljoen), benammen troch ynkomsten út sponsoring. Tagelyk wienen de lêsten mei 11,69 miljoen noch heger.
It is sûnt 2010 noch mar de twadde kear dat Cambuur reade sifers skriuwt. Direkteur De Graaf sprekt fan in "ingecalculeerd verlies": de klup keas derfoar om jild út te jaan oan spilers, yn de hoop dat dy degradaasje foarkomme koene. Sa heech as ferline seizoen wie de spilersbegrutting noch nea.

"Het treurige is dat we het grote doel - handhaving - niet bereikt hebben", seit De Graaf. "Daarbij komt dit negatieve resultaat. Dat zijn lelijke cijfers, daar kunnen we niet omheen. Maar we hebben dit weloverwogen gedaan en niet met vuur gespeeld."
Sa is it eigen fermogen fan Cambuur wol tanaam, mei tank oan eksterne finansierings. De KNVB beskôget de Ljouwerters ek as in finansjeel sûne klup. "Bovendien staat er voor dit seizoen een plusje, al is het nog wel vroeg om daarop vooruit te lopen."
Dit jier swarte sifers
De rekôrtransfer fan Alex Bangura nei Ingelân heart yn dit boekjier en dus is de prognoaze fan de klup dat der dit jier wer swarte sifers skreaun wurde sille.
Op lange termyn moat it nije stadion de klup helpe om oan noch mear ynkomsten te kommen. "Dat moet ons ruimte bieden om te groeien, om een stap omhoog te zetten. Dat zal niet vanaf dag 1 lukken, maar we willen stapje voor stapje groeien."