Tresoar krijt bysûnder reisferslach fan soldaat út 1831: "Dit is útsûnderlik"

It ferslach fan in Fryske soldaat © Omroep Leeuwarden

Tresoar hat in bysûnder reisferslach krigen fan in Fryske soldaat út de Tsiendeiske Fjildtocht yn 1831. Neibesteanden fan de Sint-Jabuorster hawwe it oan it argyf skonken.

Yn it reisferslach steane de persoanlike ûnderfiningen fan de Fryske skutter Sjirk Sybrens Prosje (1804-1878) fan Sint Jabik. It dokumint bestiet út in skriftke fan 16 siden. It is in lyts boekje, mar it bleau altyd goed bewarre yn de famylje.

Belgyske Opstân

Mei de Tsiendeiske Fjildtocht wurdt it yngripen fan Nederlân bedoeld om de Belgyske Opstân del te slaan. Yn 1830 bruts yn it hjoeddeiske België in opstân út dy't úteinlik liede soe tusken de skieding tusken de Noardlike- en Súdlike Nederlannen.

Kening Willem I wegere him by de opstân del te lizzen en besleat de Belgen mei geweld yn it bedarjen te krijen. Op 2 augustus 1831 luts it leger fan de kening België binnen.

In tafriel út de Tsiendeiske Fjildtocht, skildere troch Wouter Verschuur © Rijksmuseum | SK-C-541

De oanfal wie suksesfol, mar troch de bemuoienis fan Frankryk en Ingelân waarden de soldaten eintsjebeslút weromroppen. Hoewol't de fjildtocht slagge, ferkrige België úteinlik wol syn soevereiniteit. Dêrmei wie de skieding tusken Nederlân en België in feit.

"Het is een bijzonder moment in de Nederlandse geschiedenis. Men zegt wel dat het de laatste oorlog die we gewonnen hebben", seit Brolsma. "Al hebben we 'm uiteindelijk toch weer verloren."

4.000 Friezen én Sjirk

Ut Fryslân wei diene hast 4.000 manlju frijwillich mei oan de fjildtocht. Dêr sieten in soad studinten fan de Universiteit fan Frjentsjer by. Mar ek Sjirk Prosje, dy't letter skuonmakker wurde soe, wie ien fan de soldaten.

Just dêrom hat it ferslach sa'n grutte histoaryske wearde: it jout ynsjoch yn it libben fan de gewoane soldaat. "Het gaat vaak over veldslagen en prinsen, maar hoe de gewone soldaat z'n tijd doorbracht, daar lees je nooit veel over. Dit is echt een ooggetuigenverslag", seit Jolke Brolsma.

De earste side fan it ferslach © Tresoar

Sa stiet der dat Prosje "gemarseerd van Leeuwarden op Wijtgaard" hat op 18 febrewaris 1831. De tocht gie fierder nei It Hearrenfean, dat doe op seis oeren rinnen fan Ljouwert lei.

In stik fierder falt te lêzen: "Over deze stroom traden wij de stad Nijmegen binnen die ons een heel mooi gezigt had opgeleverd toen wij nog voor den Waal stonden, maar toen wij er inkwamen was het geen stad Leeuwarden."

De pokken by Leuven

By Leuven begûn it "zwaar geschut op een aller schrikkelijkste wijze bombarderen." Prosje fertelt ek dat er "op de terug rijs van Leuven de Pokken heb gekregen" en dat hy doe "in het Hospitaal gekomen" is.

It ferhaal is net opskreaun troch Sjirk sels, mar troch syn jongere sus Richtje Prosje (1811-1895). "Het is een beschrijving van de marsroute, opgeschreven nadat hij weer thuisgekomen was. Richtje is een paar jaar later getrouwd met een Brolsma en via die lijn is het hier terechtgekomen", leit Jolke Brolsma út.

Brolsma fertelt dat der twa bruorren oan de fjildslach dielnaam hawwe. "De brieven van de ene broer zijn al in Tresoar, dus dit past daar prima bij."

© Omroep Leeuwarden

Tresoar is wiis mei it reisferslach, seit kolleksjefoarmer Martha Kist. "Wy fine it fantastysk dat sa'n unyk deiboek bewarre bleau. It is útsûnderlik dat sokke dokuminten der noch binne."

It boekje komt yn it argyf en Tresoar stelt it digitaal beskikber. "Sa kinne minsken it op ynternet rieplachtsje. Wy hoopje dat ûndersikers it meinimme yn har ûndersyk nei de fjildtocht", seit Kist.

Jolke Brolsma oerlanget it boekje oan Martha Kist fan Tresoar © Omroep Leeuwarden

Brolsma is bliid dat it in goed plak hat. "Als het bij iemand thuis ligt, kan er altijd iets gebeuren: brand, waterschade, wat dan ook. Hier is het veilig en als in 2031 de Tiendaagse Veldtocht 200 jaar geleden is, dan kunnen onderzoekers erin kijken en er gebruik van maken."

"Miskien dat der op dy wize noch wol mear fan dy deiboekjes boppe wetter komme", follet Kist oan. "Dat soe hielendal moai wêze."