Fryslân hat fluch pleechgesinnen nedich: "Wy sykje alle dagen, it hiele jier"

© Omrop Fryslân

Jeugdhulp Fryslân siket goed 30 pleechgesinnen yn Fryslân. Der is in tekoart en sûnt de coronacrisis en de oarloch yn Oekraïne sjocht de organisaasje it tal oanmeldingen tebekrinnen.

Yn de wike fan de pleechsoarch besiket de organisaasje mear âlden entûsjast te krijen. De wike waard iepene troch berneboargemaster Levi Silvijn en wethâlder Nathalie Kramer fan Ljouwert.

Tritich doarmatten moasten de tritich pleechgesinnen foarstelle dy't noch socht wurde yn Fryslân. "Wy sykje alle dagen, it hiele jier troch nei pleechâlden dy't in plakje hawwe", fertelt Yme Nota fan jeugdhulp Fryslân.

Pleechsoarch wurdt yn Nederlân regionaal regele. Yn Fryslân wurdt pleechsoarch oanbean troch Jeugdhulp Fryslân, it Leger des Heils en William Schrikker Gezinsvormen.

Ofrûne simmer wie it benammen krap. "Doe hiene wy echt wol in grut tekoart, wy moasten mei ús allen sjen nei wat de mooglikheden wiene binnen de pleechgesinnen dy't wy hiene, oft der noch in húshâlding wie mei in bêd oer. It is net altyd ideaal, it leafst kiest út trije of fjouwer húshâldingen, mar dat is no eins net mooglik."

Yme Nota fan Jeugdhulp Fryslân © Omrop Fryslân

Doel fan jeugdsoarch is om alle jierren tritich nije pleechgesinnen te krijen yn Fryslân. Dit jier hawwe der tolve húshâldingen harren ynskreaun, der is dus mear nedich, neffens Nota.

"Wy ha in reedlik grut bestân oan pleechgesinnen mar dat binne ek gesinnen dy't in tydlik plak oanbiede. Der binne gjin bern dy't op 'e stoep lizze om sa mar te sizzen. Mar dy bern krije dan in tydlik plakje wylst sy in langer plak nedich hawwe. Hoe mear hûshâldingen yn ús bestân, de better de match is dy't wy meitsje kinne."

Jeugdhulp Fryslân siket goed 30 pleechgesinnen yn Fryslân

Femke Huitema is pleechâlder fan trije famkes, dy binne no fjouwer en ien jier âld. Sy besiket de bern in sa goed as mooglike takomst te jaan. "Pleegouder zijn is heel divers. Je voedt kinderen op maar je houdt ook contact met de biologische familie. Ook therapieën komen wel eens om de hoek kijken."

Somtiden is teraoy nedich om't in soad bern dy't yn it systeem telâne komme, al minne ûnderfiningen of muoilike dingen meimakke hawwe. Dêr moatte je as âlder wol mei omgean kinne, seit Huitema.

Femke Huitema © Omrop Fryslân

"Als pleegouder weet je dat je kinderen met een rugzakje krijgt. De een wat groter dan de ander. Dan is het echt wel in samenwerking met jeugdzorg en jeugdhulp om te kijken naar wat deze kinderen nodig hebben om te groeien in hun leven."

De doarmatten symbolisearje de húshâldingen dy't nedich binne © Omrop Fryslân
Het is niet dat je bewust je kinderen uit huis laat plaatsen, dit overkomt deze mensen.
Femke Huitema, pleechâlder

Dochs sjocht sy alle dagen wer yn de praktyk hoe wichtich it is dat bern in feilich plak hawwe om op te groeien. "Je bent van betekenis, je geeft ze een toekomst waar ze hopelijk sterk in de schoenen staan. Je hoopt dat ze goed gehecht zijn en ook een band krijgen met de biologische ouders."

Dieltiidfarianten ek mooglik

Dy biologyske âlden kinne lang net altyd wat dwaan oan de situaasje dy't liedt ta it weiheljen fan de bern, beklammet Huitema. "Het is niet dat je bewust je kinderen uit huis laat plaatsen, dit overkomt deze mensen."

Dochs bart it noch in soad: yn de earste helte fan 2023 wiene yn Nederlân 18.000 bern ûnderbrocht by in pleechgesin, yn Fryslân wiene dat der 855. Jeugdhulp wol sjen litte dat it wêzen fan pleechâlder tagonkliker wêze kin as in soad minsken tinke.

"Binnen pleechsoarch binne der in soad mooglikheden. It betsjut net altyd dat je ien yn hûs krije foar langere tiid, der binne ek dieltiidfarianten of krisisopfang", seit Nota.

Op 14 novimber organisearje de organisaasjes in ynformaasjejûn foar âlden dy't twivelje. Dan is der ek in pleechâlder oanwêzich dy't oer foarbylden út de praktyk fertelle kin.