Sjaletkok Lammert de Vos: "Fryslân is myn earste thús, Eastenryk myn twadde"

Nei in staazje yn Winterberg krige Lammert de Vos út Jirnsum in baan as priveekok yn lúkse fakânsjesjalets yn Eastenryk. "Prachtich wurk yn in prachtige omjouwing."
Lammert is 23 jier en opgroeid yn Jirnsum. Hy is krekt even werom út Eastenryk. Yn Fryslân is er op besite by freonen, nei in fuotbalwedstriid fan syn favorite klup sc Hearrenfean en hat er "mem myn klean waskje litten".
"Fryslân is myn thús, want myn famylje en freonen wenje der. It is altyd moai om werom te kommen. Fryslân is myn earste thús, Eastenryk myn twadde."

Lammert is yn Eastenryk telâne kaam nei in staazje foar syn koksoplieding yn Winterberg. Hy stie noch ynskreaun by in site foar staazjes yn it bûtenlân.
Op in stuit foel syn each op in e-mail oer in baan as kok yn in skygebiet yn Eastenryk. Hy tocht: lit my dat mar ris besykje. En no sit er dêr al 2,5 jier. "It is prachtich wurk yn in prachtige omjouwing."

De sjalets dêr't Lammert wurket, wurde ferhierd troch in Nederlânsk bedriuw. Koks fersoargje yn de lúkse fakânsjeferbliuwen it moarnsbrochje en it diner. Lammert en syn kollega's binne dus in soart priveekoks.
Se binne dêr dan wol foar wurk, mar der bliuwt genôch tiid oer om moaie dingen te dwaan. As it moarnsiten oan kant is, kin Lammert in pear oerkes de pyste op om te skyen.

Kok wurde wie altyd Lammert syn dream, As lyts jonkje wie er al oan 'e gong mei it boartersguodkeukentsje dat yn de keamer stie. Unbewust moat er dêr wat fan meinaam hawwe, sa tinkt er.

De fraach oer wat er úteinlik berikke wol, oerfalt him wat. Nei in koarte stilte komt it antwurd.
"Foarearst wol ik graach kok bliuwe. Ik tink dat ik de kommende jierren wol trochgean mei dat wurk. Dêrnei sjogge wy wol wer fierder."

Hy hat in camper kocht en wol dêr de kommende jierren yn de simmer mei op 'en paad. Om te begjinnen nei Slovenië. Dêr besjocht er dan wol wat fierder nijsgjirrich is om hinne te gean. Hy wol ek nei lannen en plakken dêr'tst in pear moannen wurkje kinst.
Fan Fryslân mist er benammen famylje en freonen. En wat er ek hiel graach docht: mei syn pake nei fuotbalwedstriden fan sc Hearrenfean gean. Dat mist er ek.