Liveblog | 2 novimber 2023

112-nijs 2 novimber: Auto bedarret yn tún nei efterfolging mei plysje

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 2 novimber 2023, 18:03
18:03

Auto bedarret yn tún nei efterfolging mei plysje

In auto is nei in efterfolging mei de plysje yn in tún bedarre yn Drachten.
Auto bedarret yn tún
Auto bedarret yn tún © SRFotografie
By de efterfolging kaam de auto yn botsing mei in oare auto. Dêrnei skeat hy de tún yn. De bestjoerder koe doe oanholden wurde. It is net dúdlik wêrom't de bestjoerder útnaaide.
De bestjoerster fan de oare auto is opfongen troch ambulânsepersoniel.
17:43

Cambuur spilet heale wedstriid mei wyn yn de rêch

ANP
In supporter yn it stadion © ANP
It stadion fan Cambuur is letter iepen as normaal, yn ferbân mei de stoarm, seit ferslachjouwer Andor Faber. En de fanatykste supporters fan Cambuur sille der it measte lêst fan ha. Sy sitte op de noardtribune. De wyn komt út it suden.
De wyn waait yn de lengte oer it fjild, seit Faber. "Beide klups spylje dus ien helte mei de wyn yn de rêch. Ik kin as amateurfuotballer út eigen ûnderfining fertelle dat dat beslist in rol spilet."
De wedstriid Cambuur - MVV begjint om 18:45 oere en is rjochstreeks te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
17:14

Beam falt op auto yn Ljouwert

beam auto ciaran
beam auto ciaran © CAMJO media
Der is in beam op in auto fallen op de krusing fan de Bleeklaan en de Oostersingel yn Ljouwert.
Op dat stuit sieten der twa persoanen yn de auto, mar dy rekken net ferwûne. Op it momint dat de beam knapte, stie de auto krekt te wachtsjen op ferkear dat foarrang hie.
De auto rekke bot skansearre en waard fuortsleept. De gemeente sil de beam opromje.
bleeklaan ciaran ljouwert stoarm
bleeklaan ciaran ljouwert stoarm © CAMJO media
16:31

Tjitske Wiebenga: Wynkrêft njoggen by Laaksum, stoarm noch net op hichtepunt

De stoarm is noch net op syn swierst. Dat seit waarfrou Tjitske Wiebenga. "It hichtepunt ferwachtsje ik oan de ein fan de middei, of it begjin fan de jûn.
"Op dit stuit stiet der boppe de Waadeilannen in wynkrêft acht. By Laaksum, oan de Iselmar, wurdt wynkrêft njoggen metten."
Tjitske Wiebenga
16:32

Oersjoch fan de stoarmdei oant no ta

Storm Ciarán hat yn Fryslân net foar in soad skea soarge. Dochs wie der wol oerlêst: fearboaten farden net en ek op de dyk wie it oppassen. Foar Fryslân Hjoed makken we dit oersjoch fan de dei.
Stoarm yn Fryslân
15:16

Gemaal draait 'op volle toeren'

Wurdum
De wyn hellet oan yn Wurdum © Reinder Bouma
It wetterskip is ekstra alert, no't koade oranje jildt yn it Waadgebiet en op de Iselmar. Meiwurkers fan it wetterskip hâlde de see- en polderdiken goed yn de gaten.
De sluzen by Dokkumer Nije Silen en Zoutkamp streame safolle mooglik wetter ôf om de wetterstân yn Fryslân te ferleegjen. It Hooglandgemaal yn Starum draait ek 'op volle toeren', meldt it wetterskip, om wetter nei de Iselmar ôf te fieren.
It wetterskip ferwachtet gjin ekstreem heech wetter op de Waadsee, omdat de wyn út it suden komt. Het water waait dan vanuit de Waddenzee naar de Noordzee.