Resinsje It Boalsert Mystearje: in hearlik skouspul foar jong en âld

Henk te Biesebeek beskôget It Boalsert Mystearje © Omrop Fryslân

Wat in hearlike foarstelling is It Boalsert Mystearje wurden. De teksten sitte grôtfol boartlike humor en taalgrappen. En mei aktuele tema's as de klimaatkrisis en de bedrige posysje fan de Fryske taal, wurdt ek noch ynhâldlik foar in boadskip soarge.

Mei in enerzjike spulwille hâlde de akteurs de gong der ek goed yn, sadat de foarstelling nearne driuwerich wurdt.

It Boalsert Mystearje is alwer de fjirde Master Gysbert-musical, dy't it Frysk en Teäter (FET) sûnt 2016 organisearret foar skoalbern. Nei in útstapke nei de de Fryske teäters, wurdt de musical dit kear wer spile yn de Broeretsjerke yn Boalsert: de monumintale kleastertsjerke yn de bertestêd fan Fryske skriuwer en dichter Gysbert Japicx.

Neffens Rieneke Speerstra fan it FET binne de foarstellingen der benammen op rjochte om it Frysk tichter by de jongerein te bringen, en dus as libbende taal oerein te hâlden. It kin hast net oars dat dit mei dizze foarstelling grif slagget.

in hearlik skouspul foar 3500 skoalbern © Petra Kroon

It ferhaal is ek dit kear wer skreaun troch Tjerk Kooistra, ûnder oaren bekend as regisseur fan it Iepenloftspul Jorwert.

Haadpersoan Master Gysbert, spile troch Wybo Smids, hat op 'e nij de opjefte om de Fryske taal fan de ûndergong te rêden. Dy wurdt nammentlik bedrige troch Vrolijke Frans (in dûbeldrol fan Wybo Smids) dy't as nije 'verlosser' fan Fryslân, kompleet mei taalplysje (Annemiek Schuurman) it Frysk ferfange wol troch 'fatsoenlik' Nederlânsk.

As it derop liket dat dit slagje sil, komme prinses Anna (Anke Boersma) en har dochter Elske (Mayte Veenstra) yn ferset. Allinnich it beferzen Pompeblêdehert kin it proses noch keare.

Opwaarming

Dat hert is lykwols troch de (oer)keninginne meinommen nei it kâlde Noarden, omdat it hert raande troch de opwaarming fan de ierde. Dan soe de Fryske taal ommers foargoed ferlern wêze. Dus moat dit hert no wer ophelle wurde. Mei in grut ferskaat oan gefaren op dizze tocht foar de ekspedysjeploech ûnder lieding fan Master Gysbert.

© Petra Kroon

Wat dan folget, is in hearlik skouspul dat troch oansteklik toanielspul de oandacht fan it noch jonge publyk knap fêst wit te hâlden. De talleaze wurdgrapkes lykje foar bern tusken de acht en tolve jier bytiden bêst in bytsje dreech, mar komme echt wol binnen.

Gean der mar oanstean: it wurd foar de pleister mei sensor dy't de prinses opplakt, sadat sy ôfharke en folge wurde kin, is... "track-pleister'. En in drag queen dy't troch de modder rint, wurdt dus in 'drek queen'. Dan blykt dat je ek jonge geasten nea ûnderskatte moatte. Der wurdt oer it generaal útlitten om lake.

Lietteksten

Kooistra makket dêrby oars treflik gebrûk fan de muzyk as binende faktor. Net allinnich wurde werkenbere lieten en meldijen út de populêre animaasjefilm Frozen brûkt, ek komme lieten en ynstrumintale fragminten fan popgroepen as Queen en U2 foarby.

Unferwacht komysk is ek it brûken fan populêre lietteksten yn de sprektaal ûnderinoar. Bygelyks Vrolijke Frans dy't, as in personaazje net de wierheid sprekt, útropt: "je loog tegen mij, alsof ik een kind was." It antwurd dan werom: "u wordt bedankt! U kunt wel gaan." It binne mar in pear foarbylden.

© Petra Kroon

En wat te tinken fan de ferwizing nei de de ynternasjonale hitsong Friesenjung fan Joost Klein út Britsum. Yn dizze foarstelling is Friezenjong mar daliks de oantsjutting foar de Fryske jongerein yn syn algemien. Foar froulju en manlju.

Galmbak

It falt wol op dat de Broeretsjerke in ymposant dekôr opsmyt, mar lûdtechnysk in grutte galmbak is. De fersteanberheid fan benammen de lietteksten hâldt bytiden net oer. Dat it jonge publyk dan net de oandacht ferliest, kin net oars as in komplimint oan alle meiwurkers beskôge wurde.

Woke

Kooistra kin it net litte en boartet yn syn stik ek mei de woke-gedachte, dy't hieltyd mear opgong fynt. Misledigjende grappen en flokwurden komme dêrom net langer foar yn it skript fan dit stik.

En de froulike spilers op it poadium wurde ek net mear ' liefje of schatje' neamd. "Want it skript mei perfoarst net 'vrouwonvriendelijk' wurde", merkt Master Gysbert belearend op. Wa dan wit dat Kooistra as tekstskriuwer fan Jorwert koartlyn krekt dêrop krityk krige, kin in mylde glimk net ûnderdrukke. Moai fûn.

Master Gysbert en Vrolijke Frans, in dûbeldrol fan Wybo Smids © Petra Kroon

Kooistra fertsjinnet dêrnjonken noch in komplimint foar syn eigen prestaasjes op it toaniel. Hy lit de foarstelling nammentlik spylje yn it jier 2033 as Fryslân troffen is troch in wettersneedramp.

Minsken binne ferdronken, huzen fernield en de elektrisiteit is útfallen. Der is dus gjin stroom! Om dochs muzyk spylje te kinnen en de poadiumferljochting baarne te litten, soarget Kooistra sels foar de nedige stroom op in fyts mei generator.

De hiele foarstelling lang trapet er him wier it snot foar de eagen. Der komme hieltyd mear donkere switplakken op syn griene t-shirt. In grutte handoek kin de transpiraasjedrippen op syn foarholle kwealik oan. Neat net sabeare, mar gewoan hûndert persint lichaamlike ynset!

In tsjerke as monumintaal dekôr, mar ek in galmbak © Petra Kroon

De foarstelling It Boalsert Mystearje sil dizze dagen leafst 24 kear opfierd wurde mei totaal sa'n 3.500 taskôgers. Bern tusken de acht en trettjin jier âld.

Tongersdei 9 en freed 10 novimber krijt it folwoeksen publyk de kâns om de foarstelling te sjen. Dy twa foarstellings kinne neffens my nea genôch wêze om yn it ferlet te foarsjen. It Boalsert Mystearje is ommers in hearlik skouspul wurden foar jong en âld. Wa wol dat no net sjen?