MCL siket behanneling by post-covid: "Of ze helemaal de oude worden, betwijfel ik"

Ha pasjinten mei post-covid baat by de behanneling dy't se no krije? Sikehûs MCL yn Ljouwert en it UMCG yn Grins krije jild om dêr ûndersyk nei te dwaan.
Mei it ûndersyk moat dúdlik wurde hokker behanneling it bêste wurket foar hokker pasjint.
De sikehuzen ha mei-inoar 250.000 euro krigen om te sjen nei de organisaasje fan de soarch en de behannelings op de post-covid-poly. Dat is wol nedich, seit longdokter Jolanda Kuijvenhoven fan it MCL. "De zorg is in ontwikkeling. We willen zo onze zorg onder de loep nemen."
25 pasjinten yn de moanne
Der komme noch hieltyd pasjinten by. Kuijvenhoven: "Het gaat maandelijks om zo'n 25 patiënten die naar onze polikliniek komen. Dat had ik in eerste instantie ook niet helemaal verwacht."

It giet no om minsken dy't thús in besmetting trochmakke ha. Dy ha oare klachten as de minsken oan it begjin fan de epidemy yn 2020. "In het begin hadden patiënten vooral pijn in de borst en heel veel moeite om zich in te spannen."
"Nu zie je meer jonge mensen binnekomen. Mensen die eigenlijk gezond zijn, maar toch klachten hebben over vergeetachtigheid, vermoeidheid en concentratieproblemen."
Yn Ljouwert, Dokkum en op It Hearrenfean binne oant no ta sa'n 1.300 minsken behannele oan post-covid-klachten. Pasjinten wurde aktyf frege om de behanneling te evaluearjen. Der wurdt ûnder oare besjoen mei hokker klachten oft pasjinten trochstjoerd binne, hokfoar soarch oft se krigen ha en hoe't se no funksjonearje.
It is noch net krekt dúdlik wêr't de klachten weikomme dy't pasjinten no ha. Dêr binne wol ideeën oer, seit Kuijvenhoven, en dêr wurdt dan ek ûndersyk nei dien. "Wij willen duidelijk krijgen hoe we de organisatie zo kunnen inrichten dat die beter aansluit bij de patiënt van nu."
Dat is dreech, wit ek Kuijvenhoven. Benammen omt der safolle ferskillende klachten binne: "Het is niet een 'one-size-fits-all'-behandeling. De één doet het goed op revalidatie, de ander op ademhalingsoefeningen. Je moet goed kijken naar iedere patiënt."
Der wurde wol echt resultaten boekt. "Ja, mensen worden beter. Of ze weer helemaal 100 procent de oude worden, betwijfel ik", seit Kuijvenhoven. "Er is altijd wel iets dat blijft. Maar een groot gedeelte herstelt goed."