Kulturele organisaasjes sykje oare jildboarnen no't provinsje besuniget

De Reuzen fan Royal de Luxe yn 2018, doe't Fryslân gasthear wie fan Kulturele Haadstêd © ANP

Kulturele organisaasjes yn Fryslân sjogge hieltyd mear nei alternative jildstreamen no't it kultuerbudzjet fan de provinsje lytser wurdt. Mar ynsidinteel jild út oare potten kin de kultuersubsydzje fan de provinsje noait ferfange.

Dat boadskip krigen Provinsjale Steaten hjoed fan sa'n tolve grutte én lytsere kulturele organisaasjes. Sy wrakselje allegearre mei de gefolgen fan de troch de provinsje oankundige besunigings fan 1,6 miljoen euro.

Arcadia - de opfolger fan de kulturele haadstêd - is al drok dwaande mei de syktocht nei oare jildstreamen, no't de subsydzje fan de provinsje in stik leger wurdt.

"Je moatte ek nei budzjetten sjen dy't net spesifyk foar kultuer bedoeld binne", seit direkteur Immie Jonkman fan Arcadia. "Yn ús programma sit it projekt 'Over de drempel' oer iensumens. Foar dat projekt krije we sosjaal jild fan de gemeenten Harns en Ljouwert."

© Omrop Fryslân

Arcadia is, yn oerlis mei de provinsje, ek yn petear mei Fryske gemeenten oer in bydrage foar de earstfolgjende Arcadia-edysje. "Gemeenten binne ree om fia ús te ynvestearjen yn in projekt yn har gemeente", fertelt Jonkman.

"Dy gesprekken rinne, mar der sit gjin bulten jild by de gemeenten. Us basisfinansiering moat dochs fan de provinsje komme."

De provinsje kin dit net allinnich.
Deputearre Sijbe Knol oer it jild foar Arcadia

Kultuerdeputearre Sijbe Knol sei op de gearkomste dat hy graach ree is om mei Jonkman 'de hort op' te gean, te sykjen nei oare jildboarnen foar Arcadia. "Ik haw my maksimaal útrekt, mar de provinsje kin dit net allinnich", sei hy oer de legere provinsjale bydrage oan Arcadia.

De provinsje makke earder al bekend dat alle kultuersubsydzjes fan de ôfrûne beliedsperioade mei ien jier ferlinge wurde. In neidiel fan dat beslút is dat it foar nije organisaasjes, dy't de ôfrûne fjouwer jier gjin jild krigen, in stik dreger is om dertusken te kommen.

Dat jildt ek foar de it selskip Firma Draaijer & De Vries fan teätermakker Romke Gabe Draaijer.

"Wy binne no oardel jier dwaande mei projektsubsydzjes, mar it sjocht dernei út dat der no in gat komt foar nije gadingmakkers", seit Draaijer. "Ik fyn dat ek nije makkers de kâns hawwe moatte om in oanfraach te dwaan foar de ienjierrige regeling. Dêr stean ik foar."

Der wie in soad belangstelling foar de Steatekommisje oer kultuerjild © Omrop Fryslân

Deputearre Knol nûge Draaijer nei ôfrin út om gau in kear del te kommen op it Provinsjehûs. Draaijer wie bliid mei it skouderklopke fan de deputearre. "Dit is foar ús in nije wrâld, sa'n diskusje oer kultuersubsydzjes, mar it is moai dat ús ferhaal oankomt. Dat is te gek."

De diskusjes mei alle ynsprekkers koste safolle tiid, dat der amper tiid oerbleau foar de politike diskusje oer it kultuerbudzjet fan de provinsje. PvdA en GrienLinks sprutsen de yntinsje út dat se wurkje sille oan in foarstel dat foarkomme moat dat de oankundige koarting op it budzjet foar taal en kultuer mei 1,6 miljoen yn it jier trochgiet.