Fakbûn oer ûntslaggen Ausnutria: "Heel vervelend, maar dit hoort ook bij de economie"

It fakbûn FNV sil yn petear mei de direksje fan Ausnutria oer in sosjaal plan fanwege de 60 banen dy't ferdwine by it suvelfabryk yn Ljouwert.
Der is noch in soad ûndúdlik, mar neffens de direksje gie't it yn de praktyk om sa'n 40 oant 50 minsken dy't ûntslein wurde. "Foar de rest skowe we mei útstjoerkrêften en minsken mei in tydlike kontrakt", seit direkteur Bart van der Meer.
Tsjinstridich
Van der Meer neamt it 'wat tsjinstridich' om no yn Ljouwert minsken dien te jaan, wylst der op It Hearrenfean in nije fabryk bout wurdt. "Dy is noch yn de testfaze", seit Van der Meer. "De earste kommersjene produksje is dêr pas yn de twadde helte fan 2024."
Boppedat kin net elkenien dy't no yn Ljouwert dien krijt teplak op It Hearrenfean, seit Van der Meer, omdat de wurkwize yn Ljouwert oars is as op It Hearrenfean.
It fakbûn hat begryp foar de sitewaasje. "Het is niet leuk, maar het is wel de economische situatie waarin wij ons op dit moment bevinden", seit Ron Vos fan it FNV.
Ausnutria is ek haadsponsor fan SC Hearrenfean. Dat der no banen ferdwine by it fabryk yn Ljouwert mar der wol jild is foar sponsoring moat nfoslein los fan sjoen wurde. "Het gaat hier om de vraag om hoeverre het bedrijf structureel werk heeft. Ik zou die dingen niet op één hoop willen gooien."