Steenbergen slacht EK koartebaan oer, om better foar de dei te kommen op WK

Swimster Marrit Steenbergen út Easterwâlde docht oare moanne net mei oan it Europeesk kampioenskip koartebaan yn Otopeni (Roemenië). Se kiest foar in oar programma yn oanrin nei it WK langebaan yn Katar.
It EK koartebaan begjint op 5 desimber. Steenbergen hie dêr har titel op de 200 meter frije slach ferdigenje kind, mar yn oerlis mei har coach Patrick Pearson hat se har ôfmeld.
Alle swimmers ûnder Pearson kieze foar in oar programma yn tarieding op it wrâldkampioenskip langebaan, dat yn febrewaris yn Doha (Katar) holden wurdt. Langebaan hat yn de swimwrâld mear oansjen as koartebaan.

Steenbergen docht wol mei oan de Rotterdam Qualification Meet, fan 30 novimber oant en mei 3 desimber. Dat toernoai wurdt holden om swimmers de gelegenheid te jaan om te foldwaan oan de dielnamelimiten foar it WK yn Doha en de Spelen fan Parys.
De 23-jierrige Steenbergen hat dy limiten op de foar har wichtichste ôfstannen lykwols al te pakken.
By it foarige EK koartebaan, yn 2021 yn Kazan (Ruslân), wûn Steenbergen net allinnich goud op de 200 meter frij, mar ek brûns op de 100 frij.