Jonkje (9) waard net goed yn swimbad Boalsert: noch yn kritike tastân yn sikehûs

De helptsjinsten by it swimbad © AS Media

In 9-jierrich jonkje fan Boalsert leit op dit stuit yn kritike tastân yn it sikehûs UMCG. Hy waard tiisdei net goed yn it wetter mei in swimles yn it Boalserter swimbad Vitaloo.

Op it stuit fan it ûngelok krige it jonkje yn in groepke bern fan bûtenlânske ôfkomst swimles. "Dêr hawwe wy aparte swimlessen foar, yn lytse groepen mei goede begelieding", leit boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân út. It swimbad wurdt eksploitearre troch de gemeente.

"Dit jonkje koe al swimme, dêr lei it net oan. Mar it liket der echt op dat hy net goed wurden is", seit De Vries. Dat hawwe de helpferlieningsynstânsjes ek befêstige.

Noch yn libbensgefaar

Plysje, ambulânsen en in traumahelikopter binne om 17.00 oere hinne op it plak kaam om help te ferlienen. Mei de helikopter is it jonkje nei it UMCG yn Grins brocht. "Dat is it bêste plak dêr't er no wêze kin. Wy hoopje ek dat er opbetteret."

De traumahelikopter by it swimbad © AS Media

"Hy is troch de meiwurkers út it wetter helle en op de kant brocht", seit De Vries. De meiwurkers hawwe fluch en adekwaat hannele, lit de boargemaster witte. "Dêr woe ik se tank foar sizze. Alle wurdearring dêrfoar."

De Vries seit ek mei klam dat de swimbadmeiwurkers neat te ferwiten falt. Plysje en offisier fan justysje dogge ek gjin ûndersyk nei it ynsidint.

Ympakt op skoalle en meiwurkers

De oare bern binne fuort by it plak weihelle en letter is der slachtofferhelp ynskeakele. "It is net mis wat der dan bart", fersuchtet De Vries. "Mar ek de skoalle pakt it goed op. Want freontsjes en klasgenoaten binne ek ferskriklik skrokken. Dat fange wy goed op mei-inoar."

Op de meiwurkers fan Vitaloo hat it ek in soad ympakt. "It is tige fertrietlik as je soks belibje. Wy hawwe der goed mei-inoar oer praat." It swimbad bleau tiisdeitejun ticht, mar is yntusken wol wer iepen.

"Wy begeliede ús meiwurkers en ik fyn dat sy goed hannele hawwe. Dat hiene se net better dwaan kinnen. Wy helpe se de kommende tiid, want je reitsje soks net fuort kwyt."