Wer minder gewoane seehûnen yn Waadsee, wol mear pups

In gewoane seehûn © Shutterstock.com (Art Wittingen)

It tal gewoane seehûnen yn de Waadsee is dit jier opnij ôfnaam. Der binne wol mear pups berne as in jier earder.

It tal pups yn it Nederlânske part fan de Waadsee lei op 2.307, dat wienen achttjin prosint mear as in jier lyn. Mar it totale tal seehûnen is foar it tredde jier op rige just ôfnaam.

Oan de ein fan de simmer waarden by de telling goed 22.500 seehûnen teld. Dat is fjouwer prosint minder as ferline jier en it leechste tal sûnt 2010. Yn it Nederlânske part wie de delgong noch grutter: alve prosint.

Oer de oarsaken kinne de ûndersikers noch gjin wissichheid jaan. Fersteuring troch fiskerij en wynmûneparken spylje yn elk gefal in rol, mar ek de konkurrinsje fan de grize seehûn. Dy soart nimt just ta yn de Waadsee.