1 op de 3 strjitten yn Fryslân moat iepen: 534 miljoen nei enerzjynet

Wurklju fan Liander © ANP

Liander stekt de kommende trije jier 534 miljoen euro yn it Fryske enerzjynet. Der wachtet de netbehearder in gigantyske put: nei alle gedachten moat ien op de trije strjitten yn Fryslân iepen foar it wurk.

De netbehearder seit dat ûnderhâld en útwreiding needsaaklik binne om de elektrisiteitsproblemen op te lossen en stroom leverje te kinnen.

De 534 miljoen euro is noch mar in lyts part fan de yn totaal 4 miljard euro dy't it bedriuw útjout oan it ûnderhâld en útwreidzjen fan de stroom- en gasnetten yn it folsleine wurkgebiet: Noard-Hollân, Flevolân, Gelderlân, Fryslân en in part fan Súd-Hollân. Liander hat noch nea earder safolle jild útjûn oan it enerzjynet.

Tal fan stasjons nedich

Liander wreidet twa besteande ferpartstasjons foar stroom út en bout sân nije stasjons. Dêrneist komme der 17 nije lytsere stasjons by en wurdt ien besteand lytser stasjon útwreide.

De elektrisiteitsnetten yn de provinsje wurde ek útwreide. Liander wol 2.800 elektrisiteitshúskes en 2.900 kilometer kabels ferfange en oanlizze.

Gebieten op slot

Liander wrakselet mei 'kongestje': grutte kapasiteitsproblemen op it net. Ferskate gebieten sitte al 'op slot', troch de krapte kinne foaral bedriuwen net útwreidzje. Dêrneist hat it ek gefolgen foar de transysje nei duorsume enerzjy.

In stasjon dêr't stroom ferparte wurdt © ANP

Ek it lanlike heechspanningsnet fan TenneT sit foar it leverjen hast fol, waard koartlyn bekend. Nei alle gedachten sil de krapte de kommende jierren ek hieltyd mear konsuminten reitsje.

De ynvestearringen wurde dien yn 'e mande mei belanghawwers lykas gemeenten. Liander trunet der by oerheden op oan om safolle as mooglik romte te finen en fergunningen te regeljen foar it útwreidzjen. Liander hat ek te lijen fan in tekoart oan technisy.