De toan fan Froukje Sijtsma: "Frysk yn Boer Zoekt Vrouw"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân

"'Hé, prate se no ynienen Nederlânsk mei elkoar? Dat is nuver', seit myn freon. Alle sneintejûnen sjogge wy Boer Zoekt Vrouw, tegearre smûk op de bank, of elk thús mei fideobeljen.

Yn dit seizoen dogge ek in oantal Friezen mei. Soms hearst se ûnderinoar wolris Frysk praten. In stikje eigenheid fan Fryske boeren yn Europa.

Dit jier binne der twa Fryske boeren. Yn Dútslân buorket boer Piet fan 63 jier en yn Sweden wennet de 23-jierrige boerinne Bernice. Yn de ôflevering dêr't de boeren harsels foarstelle, fertelt Piet dat er de dei graach begjint mei Omrop Fryslân. Mei syn memmetaal om him hinne fielt er him krekt wat mear thús.

De toan fan Froukje Sijtsma

Hy freget it sels oan de froulju. 'Niemand van jullie spreekt Fries, toch?' It is dúdlik dat er it spitich fynt dat er syn djipste emoasjes net yn syn memmetaal diele kin. Datselde jildt ek foar Bernice, dy't noch net safolle yn de leafde belibbe hat. Se hat noch nea fereale west, fertelt se.

Myn freon en ik sjogge it famke wrakseljen. Wy fiele mei har mei. 'Och, wat is dat famke bleu. Dy soe eins earst ris wat omrommelje moatte op de heasouder. In bytsje tútsjeboartsje en frije yn it strie, dan komt dy serieuze relaasje letter echt wol.'

Twa fan de trije útfanhûzers binne lykas Bernice Frysktalich. En dus wurdt der geregeld skeakele, want se hâlde ek rekken mei de iennichste Nederlânsktalige jonge dy't oan tafel sit. It Frysk liket him net safolle út te meitsjen, mar de filmploech tinkt dêr blykber oars oer.

Nei it karmomint hat Bernice allinnich noch de twa Fryske jonges op it hiem. Mar ynienen prate se Nederlânsk mei-inoar. En dat docht foar de sjogger hiel ûnnatuerlik oan.

It is bygelyks net om oan te hearren as Ype Jacob yn it Nederlânsk freget oft Bernice 'ook een kinderwens heeft.' It fielt as in houterich toanielstikje. Alle trije lykje se ûnwennich at se Nederlânsk mei-inoar prate.

Ek op sosjale media falle minsken deroer. De Leeuwarder Courant praat mei in wurdfierder fan it tv-programma oer it brûken fan it Frysk. Dy fertelt dat likegoed de regisseur as lûds- en kameraminsken it Frysk net ferstienen en dus net wisten oft se ek wichtige mominten misse soenen.

Dêr falt fansels wat foar te sizzen, mar soks is hjoed-de-dei maklik op te lossen. En oars binne der ek echt wol mediaprofesjonals te finen dy't it Frysk wol machtich binne. It its boppedat absolút in miste kâns. Want leafde giet oer gefoelens. En dy kwetsber opstelle giet no ienris makliker yn dyn memmetaal.

Miskien soe Yvon Jaspers dêr ek ris oandacht oan besteegje kinne yn ien fan har temaprogramma's.

De Afûk jout tsjintwurdich de workshop 'Psychology fan dyn taal', dêr'tst ynsjoch krijst wat taal mei minsken docht, bygelyks yn de leafde. Sa'n workshop soe krekt wat foar de filmploech fan Boer Zoekt Vrouw wêze.

Al bliuw ik derby dat de leafde eins in universele taal is. En at de boeren harren in bytsje ûntspannen fiele, dan hoecht der oan dat tútsjeboartsjen en frijen yn de heabulte gjin wurd Frysk mear oan te pas te kommen."