Haije Dijkstra (25) nimt feilinghammer Ald Fryslân oer: "Eenmaal, andermaal, verkocht!"

Haije Dijkstra (L) nimt de feilinghammer oer fan Machiel Dijkstra © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Fryslân hat tenei de jongste feilingmaster fan Nederlân. Haije Dijkstra (25) nimt it wurk oer fan Machiel Dijkstra, de man dy't 23 jier lang by feilinghûs Ald Fryslân "eenmaal, andermaal, verkocht!" rôp.

In wurk fan Ids Wiersma, in tekening fan Klaas Koopmans of in lyts oaljeferveskilderij fan Jopie Huisman: it giet allegearre ûnder de hammer by de feilingmaster.

Ferhuzing nei Wommels

De ôfrûne jierren siet feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts, mar de nije feilingmaster iepenet in nije lokaasje: yn Wommels. Haije Dijkstra nimt it oer fan Machiel Dijkstra. Se binne gjin famylje, mar diele wol deselde passy foar antyk en histoarje.

Haije Dijkstra (25) nimt feilinghammer Ald Fryslân oer

Haije fynt spannend dat hy op syn leeftiid oan dizze put begjint. "Ik haw fansels wol ûnderfining mei antyk, mar net mei it runnen fan in hiel bedriuw."

"Somtiden komst foarwerpen tsjin dêr'tst noait fan tocht hiest dat dy út in doaske rôljen komme. Dat is wol hiel moai."

Haije hopet dat er ek wol wat saken oernimt fan Machiel. "Hy koe altyd mei in soad humor feile. Dêrtroch wie it foar it publyk ek hiel leuk om yn de seal te sitten."

Feilinghûs Ald Fryslân docht yn ús provinsje keunstfeilingen yn in soad antyk guod. Dat kin sulver wêze, sieraden, diggelguod of keunst. Se organisearje meast fjouwer feilingen it jier. Foar sa'n feiling binne der ynbringdagen en sjochdagen. Fieder wurdt guod taksearre, dus op in finansjele wearde rûsd.

Nei eigen sizzen is de 25-jierrige Haije Dijkstra dus de jongste feilingmaster fan Nederlân. "Ik ken de feilingmasters ûnder de 40, dy kinst op ien hân telle. Ik bin de jongste."

Mei de nije feilingmaster ferdwynt it feilinghûs Ald Fryslân út Drylts. "Het is een proces waar je een tijdje over nadenkt en je ook al eventjes mee bezig bent", leit Machiel Dijkstra út. "Maar Haije is al vanaf zijn 15e bij ons veilinghuis betrokken. Eerst met een snuffelstage, daarna zeven jaar met een baan naast zijn studie."

Haije Dijkstra mei ien fan de stikken dy't ûnder de hammer giet © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De âlde feilingmaster giet net hielendal mei pensjoen. "Ik blijf nog wel een tijdje taxeren en betrokken bij Ald Fryslân."

Guod hat ek emosjonele wearde

Hy hat ek noch wol in wize les foar syn jonge opfolger. "Er hangt aan kunst en antiek veel emotie. Om daarmee om te gaan, dat geeft wel een uitdaging. Gelukkig kan hij dat wel."

Haije Dijkstra © Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De oerdracht mei de hammer fan de feilingmaster hat begjin oktober west. Yn jannewaris 2024 hat Haije syn earste feiling, it earste guod is yntusken binnenkaam.
De kommende twa moannen wurde brûkt om de nije lokaasje fan Ald Fryslân yn te rjochtsjen.