Ried Smellingerlân wol net prate oer wantrouwen: "Der wurdt mei modder smiten"

ELP-riedslid Chiel Bolt wol gau yn de gemeenteried oer de ferhâldingen prate © Omrop Fryslân

De gemeenteried fan Smellingerlân wurdt neffens ELP-riedslid Chiel Bolt pleage troch wantrouwen en in gefoel fan ûnfeilichheid. Bolt woe dêroer prate, mar de oare partijen hiene dêr gjin ferlet fan.

Chiel Bolt fan de ELP (Eerste Lokale Partij) stelde dat tiisdei foar yn de gemeenteried, mar syn foarstel waard allinnich stipe troch Smallingerlands Belang.

Klacht oer geheime WhatsApp-groep

Yn de gemeenteried ûntstie koartlyn rebûlje troch in klacht fan riedslid Dinie Mulder fan Sociaal Lokaal oer in geheime WhatsApp-groep, dy't guon riedsleden brûke soene om oare riedsleden te berabjen en te misledigjen.

Mulder fielt har dêrom net feilich yn de ried fan Smellingerlân en wol oanjefte dwaan fan smaad en laster. Tiisdei wie Mulder net oanwêzich by de riedsgearkomste.

"As dat om sykte is, haw ik dêr begryp foar, mar as dat sa is omdat se har net feilich fielt of net heard fielt, dan fyn ik dat kwealik", seit Bolt dêroer.

Ik hie hope dat it no in kear klear wie, mar blykber binne we noch net in sprút opsketten.
ELP-riedslid Chiel Bolt

Riedslid Bolt is bot teloarsteld dat it, nei in slimme bestjoerskrisis yn de eardere riedsperioade, blykber wer mis is mei de ferhâldingen yn Smellingerlân. "Ik rin al hiel lang mei yn dizze gemeenteried. Der is earder ek in soad bard. Ik hie hope dat it no in kear klear wie, mar blykber binne we noch net in sprút opsketten."

Boargemaster Jan Rijpstra sei tiisdei dat er 'wurk meitsje wol' fan it ferbetterjen fan it ûnderlinge betrouwen yn de gemeenteried. Neffens Bolt is dat hurd nedich ek. "Der wurdt wer mei modder smiten. Ik fyn dat dat net kin."