Mbû-studinten Firda litte har hearre oan kandidaten foar de Twadde Keamer

Maarten Goudzwaard (JA21) oan it wurd by it debat yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Mei in tour by alle Firda-skoallen del, set de Fryske kampanje foar de Twadde Keamerferkiezings écht útein. Op ferskate skoallen waard debattearre oer stellingen fan studinten.

Der kaam in soad praterij fan de studintetribune yn Drachten, doe't ferteld waard dat mear studinten te krijen hawwe mei obesitas. Rick Bouma fan Moarre hat dêr goed op tasjoen. Hy stiet 65ste op de list foar de VVD en seach dat dizze stelling diskusje opsmiet.

"Hjir wurdt flink oer praat. Wolle jimme mear sporte op skoalle?" In grut part fan de seal sjocht dat wol sitten. Mar in oare groep absolút net.

It is in foarbyld fan de belutsenheid dy't de studinten by de debatten hiene. Ferskate noardlike politisy ride de hiele dei troch Fryslân om ferskate 'College Tour'-eftige debatten te fieren.

De tafels sitte fol yn it atrium fan Firda Ljouwert © Omrop Fryslân, Darshan Boerema

"It foel my op dat de studinten goed útlizze koene wêr't sy harren drok oer meitsje", seit CDA-kandidaat Wieke Goudzwaard, "Se hawwe harren goed ynlêzen troch Kieswijzers te dwaan. Dat fûn ik echt moai om te sjen."

De debatten binne dan ek goed taret, seit direkteur Dick ter Wee fan Firda Drachten: "Het is onderdeel van de lessen burgerschap. Docenten hebben daar verschillende vragen opgehaald. Die hebben de studenten kunnen stellen aan de politici."

Wat spilet der by studinten?

Ien fan de ûnderwerpen dy't prominint nei foaren kaam, wie mentale sûnens. In grut punt fan oandacht, seit Ter Wee: "Hoe gaat de politiek daarmee om? Uit onderzoek blijkt dat de gezondheid na corona een behoorlijk tik heeft gehad. Hier op ons mbo besteden we veel tijd aan het praten over de mentale gezondheid."

Wieke Paulusma, Twadde Keamerlid foar D66 kin dy soargen goed begripe: "Ik denk dat heel veel jonge mensen druk ervaren met studeren, social media en de vraag of je wel een woning kan krijgen. Je moet goede cijfers halen, sporten en er goed uitzien. Dat is wel heel veel."

"Mbo'ers ongehoord"

BIJ1-kandidaat Jesse ten Caat kin dêr oer meiprate. Hy is sels mbû-studint en sjocht graach dat mbû'ers mear belutsen binne by de polityk: "Ik kan uit ervaring spreken. mbo'ers zijn eigenlijk wel ongehoord, het gaat altijd over hbo en universiteit. En daarom is het heel belangrijk dat wij ons ook laten horen. Wij doen er ook toe. Wij verdienen wat zij verdienen."

De politisy fûnen it moai om te sjen dat dy belutsenheid by de debatten nei foaren kaam: "Ik kreeg het er warm van", seit Paulusma, "Als je zo dichtbij elkaar kunt zitten en jongeren vragen kunnen stellen waar ik antwoord op moet geven, dat is natuurlijk superinteressant die kans lieten ze niet liggen."

Miskien binne wy wol ferjitten te harkjen nei studinten.
CDA-kandidaat Wieke Goudzwaard

Goudzwaard follet oan: "Ik tink dat it ek in grutte misfetting is dat jongeren net ynteressearre binne yn de polityk. Se tinke miskien oars as âldere froulju, lykas ik, mar se fine oare saken wichtich. Miskien binne wy wol ferjitten te harkjen."

Yn elts gefal gie Goudzwaard mei in grutte glimk nei hûs, want se krige nog in opstekker mei fan de studinten: "Ik krige de fraach: 'Sitsto by it CDA? Ik tocht dat dat allegear saaie minsken wienen.' It wie noflik dat ik dat yn elts gefal efkes wjerlizze koe!"