Jonge húshâldings út Noard-Hollân keapje graach in hûs op it Fryske plattelân

In pear oan it ferhúzjen © ANP

Ien op de fiif Fryske keaphuzen wurdt kocht troch minsken fan bûten Fryslân. It giet benammen om ynwenners út Noard-Hollân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it kadaster.

Dat ûndersyk is dien op basis fan alle huzetransaksjes fan ferline jier. It is útfierd op fersyk fan de provinsje Fryslân. Foaral jonge húshâldings út Noard-Hollân keapje graach in hûs yn Fryslân.

Starters en jonge húshâldens

Deputearre Sijbe Knol hat wenjen yn portefúlje. Hy fynt it wol in moaie ûntwikkeling. "In grut part fan de minsken dy't hjirhinne komme is tusken de 25 en 34 jier âld. It giet om starters en jonge húshâldings op syk nei rêst, romte en - litte we earlik wêze - betelbere wenten."

Ferline jier waarden yn Fryslân mei-inoar 7.233 huzen ferkocht, yn 1.419 fan de gefallen wenne de keaper bûten Fryslân. Sy kochten it faakst in hûs yn in lytser doarp of sels it bûtengebiet yn de gemeenten Ljouwert of Súdwest-Fryslân.

In hûs yn in doarp as Heech, dat is in oantreklik idee foar starters fan bûten de provinsje © ANP

"Minsken fan bûten Fryslân binne yn trochsneed wat kapitaalkrêftiger", fertelt Knol. "Yn trochsneed kinne se wol sa'n 50.000 euro mear foar in hûs dellizze." Knol heakket der graach oan ta 25 persint fan de huzekeapers fan bûten Fryslân Friezen om utens binne dy't graach wer werom wolle nei it heitelân.

"Dat is wol te ferklearjen", seit Knol. "Je sjogge dat minsken foar de stúdzje in skoft bûten Fryslân wenje. As se wat âlder wurde en bern krije, dan wolle se faak graach werom nei it plak dêr't se sels opgroeid binne."

Deputearre Sijbe Knol © Omrop Fryslân

Yn de Fryske polityk waard earder gauris tocht dat benammen senioaren fan bûten Fryslân harren hjir nei wenjen sette. De nije sifers fan it kadaster litte lykwols hiel wat oars sjen, ta plezier fan deputearre Knol. Jongfolwoeksenen ûnder de 40 jier foarmje de grutste groep.

Fryslân libben hâlde

"Krimp bestiet net mear, mar we hawwe noch wol te krijen mei dûbele fergrizing", seit deputearre Knol. "It is goed om te sjen dat hieltyd mear starters en jonge húshâldings it paad nei Fryslân witte te finen. Sy kinne helpe om de ferienings en de mienskip oerein te hâlden."

Dit hûs is al ferkocht © ANP

Der wiene ferline jier ek 577 minsken dy't in hûs yn Fryslân ferkochten om it heitelân te ferlitten. It grutste part fan dizze groep ferhuze nei Drinte of Grinslân.

Fryslân hat mei it Ryk ôfpraat dat hjir de kommende jierren 17.500 huzen boud wurde sille. Dat oantal is yntusken al bysteld nei 18.000 om de groeiende fraach oan te kinnen.