It wie ien fan de wietste oktobers fan de ôfrûne iuw: "Stiet yn top 3"

Yn oktober lûke wy it reinpak oan en geane de hollen ferskûle ûnder paraplu's. Ofrûne moanne wie gjin útsûndering. Sterker, it wie ien fan de meast wiete oktobers sûnt de earste mjitting.
By it fallen fan de bledsjes dogge wy in berop op ús wjerstân. De temperatueren meitsje faak in lytse fal, en wyn en rein trede nei de foargrûn. It wie benammen de rein dy't him jilde liet ôfrûne oktober.

De gemiddelde delslach yn dizze moanne, sûnt de earste mjitting yn 1901, is yn Fryslân 84 milimeter. "Dat betsjut dat der de ôfrûne moanne in ferdûbeling fan it gemiddelde nei ûnderen kaam is: 168 milimeter. En dan is 31 oktober noch net meirekkene", fertelt Omrop-waarman Siebo Mollema. Ferline jier oktober kaam de teller net boppe de 50 mm.
Hoe fier oft de 168 milimeter ek fan it gemiddelde leit; unyk is it net. Mollema fertelt dat de oktober fan 1932 ek dweiltrochwiet wie yn ús provinsje. Doe joech de reinmjitter 176 mm oan. 1998 is foarearst de koprinner mei 183 milimeter. "Mar it is fansels wol bysûnder dat ôfrûne oktober yn de delslach-top 3 stiet."

"De oseanen binne op dit stuit frij waarm. Omdat de wyn út in súdwestlike rjochting wei komt, driuwt it de waarme lucht út bygelyks Spanje en Portugal wei ús kant op", seit Mollema, dy't deroan taheakket dat lucht net gau ôfkuollet. "En omdat waarme lucht mear focht opnimt as kâlde lucht, krije we hjir mear delslach."
Temperatuer justjes heger
Dan de temperatuer. Nettsjinsteande de lûden oer in tige sêfte oktober, is de trochsneed temperatuer yn Fryslân 12,4 graden. Dat is net folle heger as de gemiddelde 11 graden. Ferline jier oktober wie dit 13.

Mollema sjocht dat de temperatueren de lêste jierren stadichoan omheech klimme. "Wat dêr de reden fan is, lit ik graach oer oan de klimatologen. Mar wat ik wol sjoch, is dat sa'n tendins ek wer de oare kant út slaan kin. It lykje fazen. We moatte net tinke dat we gjin strange winters mear krije", seit er. "Sjoch nei Noard-Sweden. Dêr is it op it stuit -26 graden. De leechste temperatuer sûnt 2006."
Ek de kommende dagen moat de paraplu paraat stean. "En dat is ek net sa nuver. Novimber is faak de moanne wêryn't de measte rein falt."