Mei SPARK is Ljouwert foar efkes ljochtstêd fan Europa: "Alternatief voor vuurwerk"

© Daan Roosegaarde

Begjin novimber fonkelet de loft fan Ljouwert. Dan ferblidet keunstner Daan Roosegaarde de stêd mei SPARK: in tentoanstelling fan beltsjes en ljochtstrielen. "Stiekem toch leuk dat Randstedelingen nu naar Leeuwarden moeten komen."

Daan Roosegaarde is krekt lâne út Florida wei as er fertelt oer syn SPARK. Hy lit de wrâld yntusken al oardel jier yn 'e kunde komme mei dit ljochtkeunstwurk. De Nederlânske primeur is lykwols foar Ljouwert. Dêr, op it Aldehoustertsjerkhôf, kinne besikers op 2, 3 en 4 novimber genietsje fan it fisuele spektakel.

Underfining mei Fryslân

De keunstner út it Súd-Hollânske Nieuwkoop is bliid om de ljochtapparatuer wer yn Fryslân oan te setten. Hy hat goede oantinkens oan 2018, doe't er de foarstelling WATERLICHT nei Ljouwert ta brocht.

Daan Roosegaarde by syn tentoanstelling WATERLICHT © Daan Roosegaarde

"Mijn ervaring is dat Friezen eerst de kat uit de boom kijken, maar wel echt openstaan voor iets wat anders is. En als ze merken dat je er vol voor gaat, stellen ze zichzelf ook daadkrachtig op. Dat vind ik heel charmant", seit er.

"Stiekem vind ik het trouwens leuk dat al die Randstedelingen nu naar Leeuwarden moeten komen, haha."

Foar SPARK hat Roosegaarde him ynspirearje litten troch fjoermichjes. Dy jouwe ek ljocht. "Ik heb bewondering voor de natuur en ik denk dat we er veel van kunnen leren."

Ferfanger fan fjoerwurk

Dêrneist stiet it tema 'fiere' sintraal by de tentoanstelling. Dêroer seit er: "Ik ben designleraar in Shanghai. De studenten zeiden dat de toekomst is bevroren."

Dêrmei bedoelden se dat sy de grutte problemen ervje, lykas klimaatferoaring, mar net it ark krije om it op te lossen, fertelt Roosegaarde. Dêrby wurde harren de leuke dingen ôfnaam. Lykas it fjoerwurk.

© Daan Roosegaarde

Dy opmerking bleau hingjen. "Ik wilde daarom het goede behouden en het slechte veranderen. Met licht als alternatief voor vuurwerk. Want", sa seit er, "bij origineel vuurwerk worden de hondjes gek, heb je met luchtvervuiling te maken, en loopt de schade op tot ver in de miljoenen. Kun je dat nog wel 'vieren' noemen?"

Biologysk ôfbrekbere bellen

Roosegaarde wol dat op in duorsume wize modernisearje. SPARK is in wolk fan 50x50x50 meter. Foarme troch mear as 10.000 biologysk ôfbrekbere bellen. Dy feroarje yn 'fonkjes' troch't se it ljocht absorbearje en reflektearje.

Ek slacht er mei SPARK in brêge nei de klimaatferoaring. "Daar moeten we dingen voor doen, maar dat laten we liever over aan de buurman. Met schoonheid zie je soms iets wat je niet snapt of kent. Dat zorgt ervoor dat je even opengaat", seit er. "Als dat gebeurt, ben je ontvankelijker voor verandering. Je ziet dan dat het ook anders kan."

Bij de tentoonstelling moet je zien waar je bent. Ik ben die scheve toren in Leeuwarden dan ook eeuwig dankbaar.
Ljochtkeunstner Daan Roosegaarde

Roosegaarde tinkt yn it foar goed nei oer wêr't de tentoanstelling plakfine moat. Sa is in iepen plak krúsjaal. "Daar komt bij dat je moet kunnen zien waar je op dat moment bent. Ik ben die scheve toren in Leeuwarden dan ook eeuwig dankbaar."

© Daan Roosegaarde

Fierder hawwe ek wyn en rein ynfloed, seit er. Tongersdei kin it dêrom efkes spannend wurde. "Dan wacht ons misschien windkracht negen. Maar daar moeten we met ons team op kunnen inspelen, door bijvoorbeeld de apparatuur te verplaatsen", seit Roosegaarde. "Want ja, zo'n tentoonstelling is schilderen met licht."

SPARK is der fan 2 novimber ôf trije dagen fan 19.00 oant 22.30 oere op it Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert.