Liveblog | 31 oktober 2023

112-nijs 31 oktober: 'Medyske needsituaasje' by swimbad Boalsert, traumahelikopter ynskeakele

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 31 oktober 2023, 17:38
17:38

'Medyske needsituaasje' by swimbad Boalsert, traumahelikopter ynskeakele

Der wurdt melding makke fan in medyske needsituaasje by swimbad Vitaloo yn Boalsert. Der is in traumahelikopter teplak. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is.

Traumahelikopter oproppen © AS Media
16:11

Plysje hâldt Ljouwerter oan fanwege minskehannel en wytwaskjen

In 35-jierrige man út Ljouwert is oanhâlden op fertinking fan minskehannel en wytwaskjen. It resjerzjeteam naam fierder in grut kontant jildbedrach en in wein yn beslach.

De fertochte is oerbrocht nei it sellekompleks. De plysje sil fierder gean mei it ûndersyk.

15:35

Ljouwerter feroardiele foar oanreitsjen efterwurk minderjierrige

In 61-jierrige Ljouwerter dy't yn april in minderjierrich famke op it efterwurk tikke, is feroardiele ta in finzenisstraf fan 196 dagen en trije moannen ûnder betingst. Fierder moat de man him ferplicht behannelje litte en moat hy minderjierrigen mije.

De Ljouwerter hie it famke yn de boarterguodhoeke fan in kringloopwinkel fan efteren benadere. De man beskôge it as in grapke, mar de rjochter fûn it bepaald net grappich en beskôge de hanneling as ûntucht.

De Ljouwerter waard earder alris feroardiele foar it seksueel misbrûken fan trije minderjierrige famkes.

13:30

Straf ûnder betingst foar Noardwâldster dy't drugs naam foar ADHD

In 38-jierrige Noardwâldster hat in selstraf fan trije wiken ûnder betingst en in rydferbod fan in jier ûnder betingst krigen. De man waard yn 2021 oanholden yn Drachten, mei in grutte hoemannichte amfetamine yn syn bloed en ek GHB.

De man sei dat er doedestiids ferslaafd wie oan GHB en alle dagen tsien tabletten deksamfetamine naam as medisyn foar syn ADHD. Neffens it Forensisch Instituut kin dat, mar is sels dat net genôch om oan de hege útslach fan de bloedtest te kommen.

De offisier fan justysje nimt dêrom oan dat de man ek speed brûkt hat. Dy konklúzje lûkt de rjochter ek. De straf is gelyk oan de eask fan justysje.

12:01

Brânwachten ride út foar boatsje op Sierdswiel

In brânwachtboat (mei in oare aksje) © ANP

De brânwacht is moandeitenacht útriden nei de Sierdswiel, in plasse boppe de Grutte Wielen by Ljouwert. Dêr dobberen twa minsken om yn in boatsje dat sûnder brânstof siet. De brânwacht fan Grou ried mei in boattrailer út, mar de brânwacht fan Burgum wie krekt wat earder op it plak. Yn oerlis is besletten dat de Burgumer brânwacht de minsken holpen hat.

10:09

Trekwei tusken Damwâld en Dokkum fernijd

It wurk is yntusken úteinset © Gemeente Dantumadiel

De Trekwei tusken Damwâld en Dokkum wurdt fernijd. De dyk wurdt yn twa parten oanpakt, de earste faze duorret oant ein dizze moanne. Takom maitiid folget dan it twadde part fan it wurk, dat yn juny 2024 klear wêze moat.

Mei betonstripen wurdt de dyk oardel meter breder makke, sa't it foar fytsers fan en nei Dokkum feiliger wurdt. Fierder wurde der in ferheging en in drompel oanbrocht. Gemeente Dantumadiel lit dêrneist in skieden rioel oanlizze, om ôffalwetter en skjinner reinwetter apart ôffiere te kinnen.