Oekraynske flechtlingen ferhúzje foar de krystdagen nei Ljouwerter Spoordok

De earste flekswenningen yn it Spoardokgebiet yn Ljouwert © Omroep Leeuwarden, Ilona de Vries

Oekraynske flechtlingen dy't no noch ferspraat oer Ljouwert opfongen wurde, ferhúzje foar de krystdagen nei de nije wenten yn it Spoardokgebiet. Sy binne dêrmei de earste bewenners fan Spoordok.

Op it terrein fan de eardere Brada-slachterij oan de Snekertrekwei wurde yn totaal 192 flekswenten boud. Dy sille ûnderdak biede oan Oekraynske flechtlingen, statushâlders en spoedsikers.

De Oekraynske flechtlingen ferhúzje as earste, seit wethâlder Hein de Haan. Sy ferbliuwe no noch yn de opfang yn Polaris, De Friesland en hotel Anker yn Ljouwert.

De earste flekswenningen yn it Spoardokgebiet yn Ljouwert © Omroep Leeuwarden, Ilona de Vries

Yntusken is de earste helte fan de flekswenningen pleatst, seit wethâlder Hein de Haan. Hy hopet dat de twadde helte yn maart klear is. Neffens him is it proses om dizze wenningen hinne hurd gien.

"Binnen een jaar hebben we de woningen niet alleen bedacht, maar ook besteld, gebouwd, neergezet en bewoond", seit De Haan. "Dat lukt ons nergens anders in de stad."

Wenningtekoart

Neffens de wethâlder binne de ekstra wenningen hurd nedich. "We hebben echt woonruimte tekort, van sociale huur tot dure koop. En deze flexwoningen ontlasten iedereen", fertelt de wethâlder. "De mensen die hier wonen, hoeven niet naar een sociale huurwoning in Leeuwarden en zo kunnen andere mensen een plekje krijgen."

De bedoeling is dat de flekswenningen der tsien jier stean bliuwe. Dêrnei moat de grûn beskikber komme foar oare huzen yn it nije Spoardokgebiet. Doel is om de units dan op oare plakken yn Ljouwert del te setten of te ferkeapjen.

Oekraynske flechtlingen ferhúzje foar de krystdagen nei Ljouwerter Spoordok