Fan 50 nei 70? VVD yn Ljouwert wol ferkear hurder ride litte op Overijsselselaan

As it oan de VVD yn Ljouwert leit, wurdt der tenei net mear 50 mar 70 kilometer yn 'e oere riden op de Overijsselselaan. Dêrtroch soenen minsken har better oan de tastiene faasje hâlde. De dyk leit tusken de wiken Techum en Middelsee en it doarp Goutum.
De maksimum faasje op dy dyk soe omheech moatte fan 50 nei 70 kilometer yn 'e oere om't der meastentiids te hurden riden wurdt. Dat klinkt nuver, mar dêrtroch soenen mear minsken har oan de faasje hâlde, sa tinkt de partij. Ek soe de plysje dan better kontrolearje kinne.
No dogge se dat neffens de VVD net om't it Iepenbier Ministearje en de plysje oanjûn ha dat se fine dat de dyk net ynrjochte is as 50-dyk.
100 kilometer of hurder
De fraksje hat fan minsken dy't der flakby wenje heard dat autobestjoerders der geregeld hûndert kilometer of hurder ride. De minsken soene der al faker oer klage ha by de gemeente, mar dat soe neat opsmiten hawwe. "As je braaf 50 ride, wurde je oan alle kanten foarby riden troch minsken dy't dat net dogge", seit VVD-riedslid Petra van der Sloot.

De VVD pleitet der dêrom foar om de maksimum faasje te ferheegjen en der kamera's del te setten. "As der no al regelmjittich 100 of 120 riden wurdt en der wurdt hast net op hanthavene, dan kinne je de faasje better wat heger dwaan en der dan wol op kontrolearje."
It is net foar it earst dat der diskusje is oer de faasje op dy dyk. Yn 2017 pleatsten leden fan D66 alris 70-kilometerbuorden om sa de diskusje oan te swingeljen. "Ik fyn it in flater fan de gemeente dat de dyk net goed ynrjochte is, mar ek dat minsken der al sa faak oer oan de belle lûke", seit Van der Sloot.
Mar in feroaring fan de maksimum faasje liket der foarearst net te kommen. De ferantwurdlik wethâlder Evert Stellingwerf (GrienLinks) seit dat it kolleezje fan B&W net sjocht nei 70 kilometer yn 'e oere om't der dan oer de lûdsnoarmen hinne gien wurdt. "Er zijn bepaalde grenswaarden omdat er dichtbij de weg bebouwing is", leit Stellingwerf út.
Overlast is subjectief, dat kunnen wij niet wegnemen.
De wethâlder sjocht der ek neat yn om de dyk oars yn te rjochtsjen. "We hebben al maatregelen genomen met snelheidsdisplays, smileys en het 's avonds en 's nachts uitzetten van de groene golf."
Oft der noch oanfoljende maatregels komme of dat de dyk oars ynrjochte wurdt, kin Stellingwerf net sizze. "Daar zie ik nu niet genoeg aanleiding voor. Overlast is subjectief, dat kunnen wij niet wegnemen."