Sûkerpoes feroveret Fryslân: "Gjin echt resept, we ha mar wat dien"

Sûkerpoes by bakker yn De Westereen © Omrop Fryslân

Wylst Nederlân yn de rige stiet foar de crompouce, de krusing tusken de tompoes en it kroissantsje, dûkt der by bakkerijen yn Fryslân in nije fariant op: de sûkerpoes.

It idee foar dizze kombinaasje fan sûkerbôle en in tompoes komt fan de socialmediaredaksje fan Omrop Fryslân. Op Instagram en TikTok is in filmke wêryn't it gebakje makke wurdt yntusken al tsientûzenen kearen besjoen.

Redakteur Wander Wartena dielt it resept: "Twa stikken sûkerbôle, rjemme dertusken, en ruby derop." Ruby is in soart rôze sûkelade. Mar in echt resept is it ek wer net: "Kinst sels bepale hoe dik oftst it makkest. Wy ha ek mar wat dien."

De crompouce is alwer út 'e tiid: dizze Fryske fariant feroveret de provinsje

It bliuwt net by in grappich filmke, want al rap melde de earste bakkers har, dy't de sûkerpoes echt yn de hannel nimme. Yn De Westereen bygelyks, by bakkerij Eddy de Jong. "Hy is echt hearlik", fertelt Roelof de Jong fan de bakkerij. "Wat swieter as de crompouce om't it fan sûkerbôle makke is."

Alles ferkocht

De gebakjes fleane de doar út. "We binne gewoan begûn mei it idee: as de sûkerbôlen op binne, kinne we net fierder. Dat wie ek sa. We hawwe se allegear ferkocht."

Salang't der fraach is nei de sûkerpoes, bliuwt de bakkerij se ferkeapjen. "Minsken kinne him gewoan bestelle. Hy komt ek online yn de webshop."