"Henk de Jong en Cambuur spylje in spultsje oangeande Silvester van der Water"

© Omrop Fryslân

SC Cambuur docht de wierheid oer it konflikt tusken trainer Henk de Jong en Silvester van der Water mei opsetsin yn 'e dôfpot. Dat sizze beide Cambuurferslachjouwers fan Omrop Fryslân yn de Sportcast.

Tongersdei brocht Omrop Fryslân nei bûten dat Van der Water de kommende tiid út de seleksje set is. Freed joech De Jong dêr in taljochting op, nei't de klup dêrfoar ek al in ferklearring nei bûten brocht hie.

"Dat smiet hûndert fragen mear op as dêrfoar", fynt sportferslachjouwer Geert van Tuinen. "De Jong en Cambuur hawwe it oer in 'ferskil fan ynsicht', Henk seit dat der neat oan de hân is. Hjir wurdt in spultsje spile. Cambuur docht hjir oan 'damage control'."

Henk de Jong is in keapman

Neffens sportferslachjouwer Andor Faber is de situaasje eskalearre nei de útwedstriid tsjin MVV Maastricht. "Mar dat hâlde se stil, allinnich om noch wat jild foar Van der Water te krijen."

Van Tuinen follet oan: "Henk is in keapman, dus dy wol it lyts hâlde en hoopje dat se him noch foar in pear sinten ferkeapje kinne. Henk seit ek dat Van der Water op earedivyzjenivo by in oare klup spylje kin. Dus hy is him al oan it ferkeapjen."

By sc Hearrenfean wie de ferromming grut nei de 3-0 oerwinning op Heracles Almelo. Sportferslachjouwer Roelof de Vries wie ûnder de yndruk fan de Feansters, benammen yn it earste healoere.

Luuk Brouwers wie mei syn twa doelpunten de man fan de wedstriid, mar neffens De Vries hie in oare middenfjilder dy titel fertsjinne: "Simon Olsson. Hy wie echt hiel goed."

"Olsson wurdt misbrûkt"

Nei de blessuere fan Osame Sahraoui moast Olsson lykwols nei de linksbûtenposysje, om't de klup dêr gjin alternatyf hat. "Olsson wurdt dêr misbrûkt, want hy stiet prima op it middenfjild", fynt sportferslachjouwer Arjen de Boer.

"Olsson is gjin linksbûten. Se sette dan ek net in talint as Melle Joop Witteveen op de bûten, mar earder in middenfjilder. En dat bliuwt wol spitich", fynt De Vries.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.