Ran en Femke Faber genietsje fan wrâldtitel yn hekseketel: "De seal ûntplofte sawat"

Ran Faber yn de WK-finale tsjin Taiwan © Marco Spelten (Actiefotografie)

De sinne komt op, je moatte belesting betelje, en noch sa'n sekerheid yn it libben: Nederlân wint it WK kuorbal. De lêste en iennige kear dat dat net sa wie, is mear as tritich jier lyn. Mar ek al is it gjin ferrassing, Ran en Femke Faber genietsje folop fan de wrâldtitel.

Foar beide Fabers (gjin famylje) is it harren earste wrâldtitel. Yn de einstriid moast der ôfrekkene wurde mei gastlân Taiwan. En dat slagge: 27-9.

Flak foardat de twa op it fleantúch werom nei Nederlân stappe, sjogge se werom op de moaie wike.

Hoe fielt it om wrâldkampioen te wêzen?

Ran: "Elkenien ferwachtet it. De pûlfaze, kwartfinale en heale finale gongen hiel maklik, mei hiel goed spul. Taiwan hie wat dregere potsjes hân, mei in kreaker tsjin België. Taiwan hat in pear hiele goede froulju yn it team.

Dus we wienen wol favoryt, mar ik wie wol wat gespannen. Ast min begjinst en it giet wol ferkeard yn sa'n hal, dan soe it noch lestich wurde."

Ran Faber op it WK kuorbal tsjin Tsjechië © Marco Spelten (Actiefotografie)

Femke: "We kamen op efterstân, Taiwan makke de 1-0. Doe ûntplofte de seal sawat. Mar dêrnei ha we goed spul sjen litten en net mear op achterstân stien."

Dit wie it tolfde WK kuorbal en de alfde kear dat Nederlân de titel pakte. Allinnich yn 1991 wie België yn eigen lân te sterk. Yn alle oare WK-finales oant no ta wie Nederlân te sterk foar België. Dit jier stie Taiwan foar it earst yn de finale.

Ran: "Op in gegeven momint namen we fjouwer punten foarsprong, even letter al seis. Dan giet de spanning der wat ôf. We ha foaral grandioas ferdigene. Allinnich op it lêst in pear punten fuortjûn."

It wie jim earste WK. Foldie it oan jim ferwachtingen?

Ran: "It wie moai, de seal siet mei de finale tsjin hielendal fol. Dus der wie mear omtinken as dat ik tocht hie. It begûn hieltyd mear te libjen.

Ik hie wol krekt wat mear tsjinstân ferwachte, fan Dútslân bygelyks. Mar dy ferlearen yn de kwartfinale ferrassend fan Tsjechië. Wy hienen yn de groepsfaze al dik fan Tsjechië wûn en yn de heale finale wie it krachtsferskil wer grut."

Femke Faber yn de kwartfinale fan it WK tsjin Ingelân © Marco Spelten (Actiefotografie)

Femke: "De ferwachting wie dat we kampioen wurde soenen, mar dan moatte je it noch even sjen litte. Yn sa'n bomfolle seal en hast elkenien dy't tsjin ús wie, is it moai datst de titel pakst."

Hoe wie de druk?

Femke: "Wol heech. Yn prinsipe ha wy allinnich mar wat te ferliezen. Mar we witte dat we hiel goed kuorbalje kinne. As we dat sjen litte, dan moat it goedkomme. Dat wie yn de finale ek sa."

Oare lannen ûntwikkelje har echt, mar wy dogge dat ek.
Ran Faber

"Dus de druk leit heech, mar we bleaune rêstich. We witte wat we kinne."

Hoe wie it nivo fierder? Komme oare lannen bygelyks al wat tichterby?

Ran: "Dat is lestich om te sizzen. Want wy wurde ek hieltyd better. We ha echt hiel oertsjûge spile, der wie gjinien lân dat echt in fûst meitsje koe tsjin ús. Globaal sit it wol yn de lift, oare lannen ûntwikkelje har echt. Mar wy dogge dat ek, fernimst dat we hiel hurd traind ha."

Ran Faber op it WK kuorbal yn Taiwan tsjin Tsjechië © Marco Spelten (Actiefotografie)

Femke: "Wrâldkampioen wurde ferfeelt tink ik noait. Foar ús wie it de earste kear, dus dan is it hielendal spesjaal. Ik genietsje der folop fan, ik bin der hiel grutsk op."

Ran, do hast hast alles spile. Wannear wiest wis fan dyn basisplak?

"Dat wie foar my noch even spannend, mar ik ha in hiel goed tarieding hân. De dei nei de earste wedstriid hienen we in rêstdei, doe krige ik te hearren."

Femke, do hiest gjin basisplak. Hoe wie it toernoai foar dy?

"Foar my wie it al geweldich om derby te wêzen. Ik bin twa kear oan de knibbel operearre en ik ha oardel jier refalidearje moatten. Doe krige ik ek te hearren dat it foar my net helber wêze soe om oan te sluten by de nasjonale seleksje."

Femke Faber yn de WK-finale tsjin Taiwan © Marco Spelten (Actiefotografie)

"Nei in hiel soad krêfttrainingen en ek oerlis, wie it dochs mooglik. Sûnt twa jier sit ik no by Oranje. Ik ha it EK al spile yn Antwerpen en no mei it WK gong it wer goed.

Yn de finale mocht ik noch acht minuten ynfalle. It is hiel moai om yn sa'n folle seal yn it fjild te stean, dan is de ûntlading krekt wat grutter."

Hoe ha jim de titel fierd?

Ran: "Nei de wedstriid wie de medaljeseremoanje yn de seal, dêrnei ha we yn it hotel noch in feestje fierd mei alle lannen. Dat wie wol moai. Under it toernoai stiest wol mei-elkoar yn de lift bygelyks, mar elkenien die syn eigen ding wat. En op de lêste jûn wie der wol in soad kontakt. Der binne wat spilers om middernacht noch nei in rooftopbar yn de stêd ta gien."

Wannear begjint it gewoane libben wer?

"We fleane fannacht werom, dan komme we tiisdeitemiddei oan yn Nederlân. Dizze wike ha ik dan earst noch frij en freed begjinne we mei LDODK oan in trainingswykein. Ik tink dat ik it earst noch rêstich oan doch, want dit wie in hiel yntinsive perioade mei hast gjin rêst.

En ik sjoch der wol nei út om wer thús te wêzen en om it te fieren mei ús heit en mem, myn broerke en pake en beppe. De medalje even sjen litte bygelyks. Ik bin bliid dat ik se aanst wer sjoch."