Gjin reis nei Nepal foar Helga Drost, mar wrâldbekers yn Japan en Sina

Se tocht oan in moaie reis nei Nepal en Nij-Seelân en oan ophâlde mei topsport. Mar it fiifde plak op de 1.000 meter snein yn Thialf hat foar Helga Drost alles feroare. Dêrtroch giet se net op wrâldreis, mar nei de wrâldbekerwedstriden yn Japan en Sina.
Yn de achtste fan yn totaal tolve ritten kaam de Akkrumse yn de baan. Se kaam oer de finish yn 1.15,28 en dat wie acht hûndertsten flugger as har foarige persoanlike rekôr. Mar by dat sukses bleau it net.
Want nei tolve ritten blykte de tiid fan Drost goed genôch te wêzen foar it fiifde plak. En dat betsjut in wrâldbekerticket. "Dat is in enoarme ferrassing. Ik hie it hope, mar ik doarde der net oan te tinken dat it mooglik wie", fertelt Drost nei ôfrin.
Doe't se trochkrige dat se by de earste fiif siet, kamen de emoasjes by de 25-jierrige reedrydster. "Ik raasde it út. En doe kamen de triennen. It is net te leauwen. Ik ha der safolle jier krekt tsjinoan sitten, mar hjoed is myn dei."
Wat net ien wist, wie dat Drost fan doel wie om op te hâlden as reedrydster as se gjin goed resultaat helje soe. "As ik yn de middenmoat einige wie, dan hie it klear west."
Dat wie sa'n reëel senario, dat Drost alfêst dwaande wie mei plannen meitsje foar in wrâldreis nei Nepal en Nij-Seelân. "Ik ha der fan 'e moarn noch mei dwaande west, om de sinnen te fersetten. Ik hie de tickets noch net boekt, mar foar de rest stie alles fêst", laket Drost.
It bliuwt Azië.
Yn stee fan Nepal rydt Drost oer twa wiken wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Obihiro. En in wike letter yn Peking, Sina. "It bliuwt Azië", fertelt Drost mei in grutte glimk. "It is hartstikkene moai. Ik sjoch dernei út. Nepal moat noch efkes wachtsje. Dat bliuwt wol bestean."
Ferromming by Kok
Femke Kok wûn earder al de 500 meter op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai en waard op de 1.000 meter twadde efter Jutta Leerdam. "Ik bin foaral ferromme dat ik my pleatst ha."
Dat hat benammen te krijen mei ferline jier. Doe waard se sechde op de 1.000 meter en pleatste se har net foar de earste wrâldbekers. "Ferline jier wie gewoan net in goeie start. En no gelokkich wol."
Kok wol har dit seizoen foaral ferbetterje op de 1.000 meter. Sadwaande hat se har dizze simmer krekt wat mear op de doertraining rjochte. "Ik bin foaral bliid mei de earste 600 meter. De lêste bocht gie wol hiel min, dus dat kin noch better."
It gat mei Leerdam op de 1.000 meter is mei mear as in sekonde noch wol grut, mar: "It falt my ta. It hat wol grutter west."
Sadwaande sjocht Kok mei in hiel goed gefoel werom op it wykein. "Ik gean no echt mei in glimk nei hûs. Ferline jier bin ik hjir net iens mear by jim kaam, sa segrinich wie ik. Ik fiel my no echt folle better."
Blessuere foar Michelle de Jong
Dat jildt net foar har freondinne en ploechgenoate Michelle de Jong. Sy stiet mei lege hannen nei it sechde plak op de 500 meter en it achttjinde plak op de 1.000 meter.
Dat is beslist net 'des Michelles'. Mar it hat in oarsaak. "Ik heb nu al drie maanden last van mijn scheenbeen, dus dat speelde best wel een grote rol in de voorbereiding hiernaartoe. Daardoor heb ik al meer dan een maand aan trainingen op het ijs gemist."
Nettsjinsteande dat se net fit is, stie se wol oan de start fan it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. "Dat was het grote doel."
De blessuere oan de skynbonke rûn se ôfrûne simmer op in trainingskamp yn Inzell op. "Het was een overbelasting, dat is een soort van ontsteking geworden en dat is niet meer weggetrokken."
Fytse yn stee fan reedride
De Jong moat geduld hawwe, hoe dreech dat ek is no't it reedrydseizoen úteinset is. "Het wordt wel steeds beter, maar het gaat heel langzaam en met heel veel rust. Heel hard trainen kan ik ook niet, dus ik heb veel op de fiets gedaan om te compenseren. Maar je mist natuurlijk wel heel veel."
De kommende moannen kin de 24-jierrige sprintster har yn Thialf tariede op it NK ôfstannen, dat ein desimber plakfynt. Dêr kinne startbewizen helle wurde foar ûnder oaren it EK en WK ôfstannen.
Al is der noch in lytse kâns dat De Jong dochs aktyf is yn de wrâldbekers. Se is mei har sechde plak op de 500 meter nammentlik reserve. Mocht der ien útfalle, soe se noch oproppen wurde kinne. "Dan zou ik graag inspringen", beslút se.