Liveblog | 30 oktober 2023

112-nijs 30 oktober: Botsing mei brommobyl yn Ljouwert | Auto yn de sleat yn Baard

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 30 oktober 2023, 19:09
19:09

Botsing mei brommobyl yn Ljouwert

Der is moandei in brommobyl yn botsing kaam mei in persoane-auto oan de Dr. Bearda Bakkerstraat yn Ljouwert. De brommobyl is dêrby op syn sydkant bedarre.

De ynsitters koenen der sels útkomme en binne neisjoen troch it ambulânsepersoniel. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Brommobyl op de sydkant © AS Media
13:18

Auto yn de sleat

© AS Media

Oan de Fâldenserwei yn Baard is hjoed in auto yn in djippe sleat bedarre. De bestjoerder rekke yn in flauwe bocht de macht oer it stjoer kwyt, nei't er foar wat einen útwykte. Helptsjinsten hawwe it slachtoffer út de auto helle.

De bestjoerder is mei lichte ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs.

09:42

Oanhâldingen by ferkearskontrôle op A7

By in ferkearskontrôle fan de plysje, de belestingtsjinst en de keninklike maresjaussee op de A7 yn Fryslân binne ferskate minsken oanholden. Dat wie foar ûnder oare it riden ûnder ynfloed en it ûnwettich yn besit hawwen fan wapens.

De aksje wie op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean. De plysje skreau ek boeten út foar ûnder oare gledde bannen en ferkearde kombinaasjes mei oanhingweinen.

08:19

Hûs yn Frjentsjer fol reek

Bewenners fan in hûs oan de Schoener yn Frjentsjer binne fan 'e moarn wekker wurden troch reek yn de sliepkeamer. Sawol de bewenners as it húsdier koenen op tiid it hûs út komme.

De reekûntwikkeling is nei alle gedachten it gefolch fan in probleem mei de kachel. De brânwacht hat de reek út it hûs krigen.

07:05

Auto op 'e side nei botsing

© CAMJO media

By in iensidich ûngelok op de Trekwei by Warkum is in auto op de sydkant bedarre. De automobilist wie op in dykfersmelling botst.

It is net dúdlik oft der ferwûnen binne. De auto, lantearnepeal en blombak rûnen wol allegear in soad skea op.

06:10

Fytsbrêge Drachten hast twa moannen ticht

© ANP

De fytsbrêge De Slinger yn Drachten is fan hjoed oant en mei 22 desimber ticht. Fytsers moatte omfytse troch de fytstunnel ûnder de Zuiderhogeweg troch, by de Martinus de Boerstraat. Buorden jouwe de omliedingsrûte oan.

It ôfsluten fan de fytsbrêge hat te krijen mei wurksumheden. Ut ynspeksje hat nammentlik bliken dien dat trije kabels oan ferfanging ta binne.