Ferromming by Jorrit Bergsma: "It kin en moat noch wol better"

© Orange Pictures

Nei it tsiende plak op de 5.000 meter fan freed, moast Jorrit Bergsma snein op de 10.000 meter oan de bak om him dochs noch te pleatsen foar de wrâldbeker. Dat slagge mei in kreas twadde plak en dus wie der sprake fan ferromming. "Dit is in wolkomme opstekker."

Bergsma seach dat hy nei syn rit wis wie fan in plak by de bêste fiif. Dat Patrick Roest yn de lêste rit noch rom ûnder de tiid fan Bergsma ried, makke him net al tefolle mear út. "Foar hjoed wie dit goed. Ik hie net safolle fertrouwen nei freed. Dus dan is it moai dat je sa'n rit delsette kinne. It kin en moat noch wol better. Nei de teloarstellende 5.000 meter fan freed, is dit in wolkomme opstekker."

It moat wol better

De tsien kilometer wie yn fergelyk mei de 5.000 meter wer in goeie race foar Bergsma. Freed wist hy noch net hielendal wêr't it oan lei dat it wat minder gong. "Technysk rint it noch net goed. De ûntspanning dy't ik gewoanwei yn myn slach ha, is noch gjin automatisme."

Boppedat bruts Bergsma dizze simmer yn juny syn skouderblêd. "Dizze simmer ik ek wat maleur hân, dus miskien binne dat ek de neiweeën. Ik sit ek yn in oare ploech. It is it twadde jier, mar ik hie wol hope wat stabiler te begjinnen."

Jorrit Bergsma oer syn 10 kilometer

Trochdat Bergsma him allinnich pleatste foar de 10.000 meter, docht hy net mei oan de earste twa wrâldbekers yn Azië. Pas yn Stavanger wurdt de earste 10 kilometer riden, mar dat fynt hy net sa ferfelend. "Ik ha wolris earder de earste twa oerslein. Doe bewust. Dus der is gjin man oerboard. De grutte prizen wurde pas yn de twadde helte fan it seizoen ferdield."

Wurdt Bergsma in âlde man?

Bergsma is mei syn 37 jier yntusken de âldste dielnimmer op de 10.000 meter. En dus krije je nei in minne dei, lykas freed, ek fragen oer syn leeftiid. "Dat sille je altyd ha. Ik ha de leeftiid net mei. Mar ik bin noch lang net klear. Se binne noch lang net fan my ôf. Dat lit ik hjoed ek wol sjen. Ik kin noch wol efkes mei."

Neffens Bergsma telle de jierren, mar hy hat net it gefoel dat er net mear meikomme kin. "Ik ha it gefoel dat ik noch hartstikkene sterk bin en mei de top mei kin. Ik tink net dat de leeftiid al grip op my hat."

No't Bergsma net mei hoecht mei de earste twa wrâldbekers, smyt dat ek in foardiel op. Folgjende wike is bygelyks de maraton op It Hearrenfean en dêr hat er wol sin oan. "No kin ik wat maratons ride. Dat is de lêste jierren der wat by ynsjitte. Dat doch ik graach. Dêr sjoch ik wol nei út."

Marwin Talsma yn aksje op de 10 kilometer © Orange Pictures

Bergsma wie net de iennige Fries dy't him pleatst hat op de 10.000 meter. Ek Marwin Talsma ried him dertusken. De Grouster kaam mei 13.02,80 oant it fiifde plak en dat wie krekt genôch. "De ferwachting wie dat ik rûn dizze plakken einigje soe", wit Talsma. "It is in moai wykein."

Neist de 10.000 meter mei er nammentlik ek de 5.000 meter ride by de wrâldbekers. Foar it earst sûnt oardel jier mei er it ynternasjonale reedrydsirkwy wer yn.

De oerstap dy't Talsma ôfrûne simmer makke, fan Albert Heijn Zaanlander nei FrySk, hat him goed dien. "We binne op de goeie wei. No earst wrâldbekers ride en dêrnei moatte we der wer stean yn desimber. Dan hoopje ik my te pleatsen foar it WK ôfstannen."