De Jong is "tige grutsk" nei winst tsjin "fysyk sterker" FC Grins

© Orange Pictures

SC Cambuur hat de earste oerwinning nei de weromkear fan trainer Henk de Jong binnen. Dat dy winst der thús komt yn de noardlike derby tsjin FC Grins, dat neffens De Jong fysyk folle sterker is, stimt him nei ôfrin tefreden. "Dêr bin ik tige grutsk op."

Cambuur wûn yn Ljouwert mei 2-1 fan de besikers út Grins. It wie in wedstriid dêr't it spul bot hinne en wer gie, mei oan beide kanten saken dy't net goed giene. De Jong leit de oarsaak by de wize fan spyljen fan de tsjinstanner. "It systeem fan FC Grins, dat is sa'n apart systeem. Krijst net de tiid om op te bouwen."

"Trochhinne sleept"

Dochs ha de Ljouwerters foar it earst yn lange tiid de trije punten wer binnen, en dat foar in fol eigen stadion. "Sy ha ús der ek trochhinne sleept", sa doelt Henk de Jong op de Cambuur-fans. "Mei dizze stipe hoege wy net benaud te wêzen.

Henk de Jong

Nei in drege twadde helte makke Remco Balk in pear minuten foar tiid de winnende goal. "Ik zag bij de corner drie man op de grond liggen, Roberts (Uldrikis, red.) kopte hem door en ik kon hem zo inschieten." Dit soarge foar in enoarme ûntlading yn Ljouwert. "Ja, veel blijdschap natuurlijk. Je komt laat in de wedstrijd op voorsprong."

Tsjin syn âlde klup

Nei de 1-1 fan Grins hie Cambuur it dreech. "Zij brachten met Duarte en Valente twee goede voetballers in de ploeg. Na die snelle 1-1 kregen ze energie, maar we hebben goed stand gehouden."

Balk tinkt dat de ferdigenjende stabiliteit it grutste ferskil is mei de ôfrûne wiken. "We kregen te veel tegengoals. Nu zie je dat het beter staat, en zelf scoren we wel." It wie útrekkene syn âlde klup dy't Balk no pine die: "Jammer voor Groningen, maar het spijt me nu niet", laket hy.

Remco Balk

Ek ferdigener Leon Bergsma kin de oerwinning bot wurdearje. "Het voelt geweldig, als een opluchting. Helemaal tegen Groningen, dat normaliter de beste ploeg van de competitie hoort te zijn. Om dan te winnen, dat voelt uitstekend."

De ôfrûne fiif wedstriden slaggen de Ljouwerters der lykwols net yn om te winnen. Wat der snein oars wie? "Ik denk dat het een samenhang is van hoe het team staat. Het was vandaag duidelijker wie bij wie speelde."

"Veel passie en strijd"

Dochs hie de winst ek samar de oare kant op gean kinnen. "Er was veel balverlies aan beide kanten. Dan zijn wij misschien nu de gelukkige winnaar, maar we hebben veel passie en strijd geleverd om deze overwinning over de streep te trekken", fertelt Bergsma.

Leon Bergsma