Kultureel ûndernimmer Annemarie Lindeboom waard bedrige: "Ik wie bang"

Annemarie Lindeboom © Annemarie Lindeboom

Yn de tiid dat se mei plannen foar Sealen Schaaf dwaande wie, waard kultureel ûndernimmer Annemarie Lindeboom út Ljouwert bedrige. Se wie sels sa bang dat se de plysje ynskeakele.

De bedrigings kamen ta har yn mails, dm'kes en sels op Instagram. Se is der bot fan skrokken.

"Dat leist net samar njonken dy del. Ik bin bêst wol iepen. Wêr't ik wenje, stiet yn de krante. Minsken dy't it net goed mei my foar hawwe, witte my gau te finen. Ik haw in grutte bek. Mar as ik ien tsjinkom yn in steechje, win ik it net kwa krêft."

Ik brek dy de beide poaten ast oan Schaaf sitst.
Ien fan de bedrigings oan it adres fan Annemarie Lindeboom

Se neamt foarbylden fan bedrigings. It wiene priveeberjochten lykas 'Ik brek dy de poaten ast oan Schaaf sitst' en 'Ik wachtsje dy op mei twa fûsten dêr'tst it it minst ferwachtest.'

De plysje hat har meldings serieus naam. De nammen fan de bedrigers wiene bekend. De plysje hat by harren del west en doe wie it gau oer. Der is gjin oanjefte dien.

De ûnderfinings hawwe har hoedener makke yn it online setten fan har miening. Se har leard om 'de pittige Drachtster' yn harsels rêstiger te hâlden.

Annemarie Lindeboom oer de bedrigings en oer har tiid nei Schaaf yn Noardewyn:

Schaaf

It begûn der allegearre mei dat muzyksintrum Schaaf in nije bestimming hawwe moast, fûn de gemeente Ljouwert. Dêrfoar koene plannen ynlevere wurde. It plan fan Annemarie en har kompanjons Liselot Jaspers Focks en Jan Gaastra waard útkeazen as meast geskikt om útfierd te wurden.

Dat foel net by elkenien goed. De bedrigings en hoe't se harren behannele fielde yn 'de wedstriid om Schaaf' hawwe harren wol wat dien. Sy en har froulike kompanjon waarden oars behannele as de manlike ynstjoerders, fynt se.

Sealen Schaaf oan de Breedstrjitte yn Ljouwert © Omrop Fryslân

'De famkes'

"Wy wiene de iennige froulju dy't mei in plan kamen. We hawwe beide in goed cv en in protte dien. We wiene ek gjin broekjes mear."

"Guon manlike ynstjoerings hiene in lyksoartich of in minder geskikt cv. Dy hoegden harren net te ferantwurdzjen oer harren plan of ûnderfinings. Wy moasten elk detail oant op de sintimeter útlizze."

"Hiel faak waarden wy delset as 'de famkes'. Fan de manlju waard noait sein: 'de jonkjes'. 'De famkes' is hiel stigmatisearjend. Wy binne froulike ûndernimmers. Sa haw ik it yn de kulturele sektor en yn de marketing noch net earder meimakke."

Jeu-de-boules spylje yn Schaaf © BOEL

Fertriet

It ôfskied fan Schaaf foel Annemarie swier. "It hat my in soad fertriet dien. It fielt as makkest it net ôf. Ik woe it eins net, mar it moast."

Sûnt in pear moanne docht se it rêstiger oan. Fan de fjouwer bedriuwen dy't se yn totaal mei Liselot hie, hawwe se trije opjûn.

Dingen rinne by har faak út de hân, seit se sels. Dat wie mei Schaaf ek sa. Se socht kantoarromte, en wûn fjouwer jier letter 'de wedstriid' foar it bêste plan foar in nije bestimming fan it Ljouwerter muzyksintrum.

Jierren '50

Annemarie is net ien fan heal wurk. As se wat docht, giet se der hielendal foar. Dat is ek te sjen oan har klean.

Se is ek in opfallende ferskining yn it strjitbyld: vintage-klean, readferve hier en oant yn de puntsjes fersoarge bypassende make-up.

Annemarie Lindeboom yn jierren '50-klean © Designed for Maria, Ljouwert

Ut har klean sprekt in foarleafde foar de jieren '50. Dat hat se ek mei ynterieurs, sa is op har Instagram te sjen. Doe waarden dingen makke om langer mei te gean. Mar har leafde foar dy tiid giet fierder dan uterlikheden:

"Yn de tiid fan de midcentury waarden der boppedat minder easken steld oan it lok en oan it libben. It lei minder druk op minsken."

Mar se hie se net yn dy tiid libje wollen, seker net as frou. Dat dan wol wer.

Skriuwe

Skriuwen is de reade trie yn it libben fan Annemarie Lindeboom. Fan de skoallekrante oant har wurk as blogger, kollumnist, marketing-skriuwer en dichter.

Se kriget in soad fan 'e grûn. Foar it troch harsels opsette 'sammelplak foar poëtysk talint' Dichter bij Leeuwarden hat se hast in heal miljoen euro oan subsydzjes binnenhelle. Dat gie foar it grutste part yn de projekten sitten. Sels fertsjinnen sy en Liselot dêr fierste min oan. Se binne zzp'ers. Soks kin gewoan net út, fynt se.

Mei pine yn it hert hat se ek ôfskied naam fan 'har berntsje' Dichter bij Leeuwarden. It festival Explore the North nimt dêr in tal ûnderdielen fan oer.

Annemarie Lindeboom mei har show yn de museumnacht fan dit jier yn it Fries Museum © Annemarie Lindeboom

Frysk mei in rôljende r

Sûnt april hat se noch mar ien bedriuw. "Lekker restich." Se skriuwt gedichten en is no foaral dwaande mei it meitsjen fan muzyk dêrby en it betinken fan opfierings fan har wurk foar publyk.

Fierders wol se miskien ek wat dwaan mei Frysk skriuwen, mooglik yn dichtfoarm. By har heit en mem thús yn Drachten wie en is Frysk de fiertaal. It Frysk leit emosjoneel tichter by har as it Nederlânsk. Se tinkt yn it Frysk, En as se lilk is, praat se ek Frysk, Mei in hurd rôljende r.

Muzyk fan Annemarie Lindeboom

Louis Armstrong Mack the knife
Benjamin Clementine The people and I
Lana Del Rey California
Damien Rice It takes as lot to know a man