112-nijs 29 oktober: Koade giel net langer fan krêft | Bestjoerder oanhâlden nei iensidich ûngelok
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Koade giel foar tongerbuien ynlutsen
It KNMI hat de koade giel, dy't ôfkundige wie fanwegen tongerbuien, fannejûn ynlutsen. Foar hast hiel Nederlân jilde de warskôging foar de buien en swiere wynstjitten oant sa'n 75 kilometer yn 'e oere. De tongerbuien lutsen fan it noardeasten út oer it lân.
Waarman Jan Jonkman: "Pas goed op fan 'e middei"
Neffens waarman Jan Jonkman wurdt it in rûzige dei. Yn de moarn is der in soad wyn en inkelde buien. "De wettersport moat rekken hâlde mei somtiden flinke wynpûsten en ek op de ôfslútdyk kin it noch wolris spûkje."
It twadde part fan 'e middei, sa tusken 16.00 oere en 19.00 oere komt der in steuring op Fryslân ta mei wat hagel en tonger. "Benammen minsken op de dyk moatte dan efkes goed oppasse. De hjerst goait de beuk der goed yn."
Op de Waadeilannen jildt yntusken gjin koade giel mear.
Koade giel yn Fryslân
It KNMI hat koade giel ôfjûn foar Fryslân. Op de Waadeilannen jildt dat tusken 07.00 oere en 09.00 oere yn ferbân mei swiere wynstjitten fan om de 90 kilometer yn 'e oere hinne.
De rest fan Fryslân kin lest krije fan pleatslik fûle tongerbuien tusken 16.00 oere en 21.00 oere. Dêr kinne ek swiere wynstjitten by sitte fan om de 75 kilometer yn 'e oere hinne.
Bestjoerder oanhâlden nei ûngelok Feinsum

By in ûngelok oan de Brédyk yn Feinsum is in auto yn de sleat bedarre. Dat barde op sneontejûn om 23.30 oere hinne.
De bestjoerder rekke fan de dyk nei it reitsjen fan in lantearnepeal. Nei in kontrôle yn de ambulânse die bliken dat de bestjoerder net ferwûne wie, mar wol swier ûnder ynfloed.
De automobilist is nei it plysjeburo brocht.
Yn de auto siet ek in hûn, dy is neat oerkaam. Wol is er út foarsoarch meinaam troch de biste-ambulânse.