Ferromming grut by sc Hearrenfean nei oerwinning op Heracles: "Dit kan de ommekeer zijn"

Hearrenfean fiert feest nei de oerwinning © Orange Pictures

Sân wedstriden op rige slagge sc Hearrenfean der net yn om te winnen yn de earedivyzje. Sneon wie it lang om let wer ris raak: de Friezen wûnen mei 3-0 fan Heracles Almelo.

Middenfjilder Luuk Brouwers wie mei twa doelpunten de man fan de wedstriid. Hy wie nei ôfrin tige optein oer de winst. "Het is een bepaalde ontlading, denk ik. Maar ook een opluchting dat je eindelijk eens de drie punten binnensleept. Het was broodnodig hier, maar ook wel terecht na zo veel wedstrijden zonder overwinning."

Luuk Brouwers fernaam dat syn ploech de oerwinning hurd nedich hie

Sân wedstriden die sc Hearrenfean der oer om wer ris trije punten te pakken. Oft de druk foar Brouwers heech wie? "Ik probeer me er persoonlijk voor af te sluiten. Je leest niet alles, maar je bent natuurlijk niet achterlijk, dus je weet dat de druk aanwezig is. Voor ons als ploeg, en er kwam druk op de trainer. Dat speelde allemaal mee."

"Hier waren we aan toe"

Kees van Wonderen is dy trainer dy't ûnder druk stie. Wite bûsdoekjes, fluitkonserten; Van Wonderen hat it allegear nei de holle krigen de ôfrûne wedstriden. By him oerhearsket dan ek de bliidskip dat it tsjin Heracles wol slagge is.

"Niet alleen voor mijzelf, ook voor de supporters, de spelers, iedereen die Heerenveen een warm hart toedraagt. Daar waren we aan toe."

Kees van Wonderen jout ta dat de situaasje by Hearrenfean him net yn de kâlde klean siet

"Als je lang niet wint, gaat dat doorwerken", fertelt Van Wonderen. "Zo kun je dat stoppen, door te laten zien dat ze best behoorlijk kunnen voetballen. Dat werkt het beste als je wint. Dat is voor iedereen prettig: dan loopt iedereen met een lach op zijn gezicht."

Blessuere Sahraoui liket ta te fallen

De trainer fûn dat Hearrenfean goed oan de wedstriid begûn. "Het enige jammere was het uitvallen van Osame (Sahraoui, red.). Daardoor moesten we schuiven. Osame heeft last van zijn hamstring. Hij voelde het langzaam opkomen en is er voor zijn gevoel op tijd uitgegaan, hij zei zelf dat het wel meeviel."

Dat soe foar Hearrenfean hiel goed nijs wêze, fynt ek Van Wonderen. "Hij is een verschilmaker, dat mis je als hij eruit gaat. Het geeft wel de kwetsbaarheid van ons elftal aan. Dat we niet soortgelijk niveau kunnen terugwisselen.

Tige slagge basisdebút Braude

By Hearrenfean debutearre Oliver Braude yn de basis. Hy krige op de rjochtsbackposysje de foarkar boppe Hussein Ali en Denzel Hall. Van Wonderen hat loovjende wurden foar Braude. "Ik vond dat hij het uitstekend heeft gedaan, een dikke pluim voor hem."

De debutant sels is ek bliid. "Dit wie hiel moai. Ik ha fan it momint genoaten wêrop't ik hearde dat ik starte mocht. Doe tocht ik: no is myn kâns om sjen te litten wat ik kin en it hat trije punten opsmiten, moai."

Basisdebutant Oliver Braude is bliid mei syn prestaasje

Nei 70 minuten wie Braude op en moast hy derút. "Ik besocht troch te gean, mar myn lichem sei dat it better wie as der frisse skonken ynkamen."

De Noarske ferdigener krige in grut applaus fan it publyk. "It is moai as se ús stypje, sels as it spul net goed is. Hooplik kinne wy trochbouwe op dizze trije punten."

Te begjinnen takom tiisdei, yn de bekerwedstriid tsjin VVV-Venlo. "Dit moet een bepaalde opluchting en vertrouwen geven, ook voor dinsdag tegen Venlo. Ik denk dat we de reeks en de flow nu door moeten zetten en dat dinsdag zeker een belangrijke wedstrijd is om dat in gang te houden. Het kan de ommekeer zijn, maar het is geen garantie dat we de komende wedstrijden gaan winnen", seit Brouwers.