Harm Visser set ambysjes op massastart krêft by: "Ik mei hoopje dat Ritsma dit sjoen hat"

Harm Visser wint de massastart © Orange Pictures

Dat Harm Visser spesjalist is yn it maratonriden, dat wie al langer dúdlik. Mar de Westereender hat ek ambysjes op de massastart. Dat hat er earder al útsprutsen en sneon nochris sjen litten by it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai yn Thialf.

De massastart is wat in oar ûnderdiel yn dit kwalifikaasjetoernoai as de oare ôfstannen. It is nammentlik in teamûnderdiel, wêrby't de bûnscoach úteinlik bepaalt wa't dy ride mei. En dochs docht it der minder ta as hoefolste je einigje.

Dochs is it wol noflik foar Visser dat er sneon syn kaartsje ôfjûn hat, troch yn de sprint Yves Vergeer en Bart Hoolwerf te ferslaan. "Ik bin hiel bliid. Dizze woe ik oergryslik graach winne en dat is slagge, dus dat is hartstikkene moai."

Dat de 22-jierrige reedrider dizze sa graach winne woe, is omdat er graach de massastart ride wol by de wrâldbekerwedstriden. "Ik ha it noch nea dien en ik stean der wol foar iepen om it ynternasjonale geweld op te sykjen. Ik tink dat ik it ek wol oan kin", seit in selsfersekere Visser.

Harm Visser

Mar, we kenne Visser fansels as in maratonrider. Foarich seizoen wie er de winner fan it einklassemint fan de maraton cup. Dêrneist wûn er ferline wike de earste maraton fan it nije seizoen yn Grins. "We moatte sjen dat de wrâldbekers en de maratons net te folle botse", hopet Visser.

Bûnscoach Rintje Ritsma siet op de tribune doe't Visser sneontemiddei as earste oer de streek kaam. "Ik mei hoopje dat er dit sjoen hat", laket Visser. "Want it is it WCKT fansels."

"Puzel foar Ritsma"

De kommende dagen sil dúdlik wurde hokker kant Ritsma op wol mei de massastart en wa't er selektearret.

Visser tinkt oan twa opsjes. "Wol Ritsma twa opsjes, dan binne Bart (Hoolwerf, red.) en ik miskien it meast geskikt. Of wol er it mei Jorrit (Bergsma, red.) dwaan? Dat is ek in geweldige kandidaat. Mar it is ek mar de fraach wat Jorrit wol. Dat is in puzel dy't Ritsma oplosse moat."

Bûnscoach Rintje Ritsma (rjochts) © ANP

Sneon sloech Bergsma de massastart oer, om't er him rjochtsje wol op de 10 kilometer fan snein. De ôfrûne jierren wie de rûtinier fan Aldeboarn wol in fêste wearde op de massastart.

Wis is dat we Visser foarearst net weromsjen sille op de langebaan. "Ik sjoch der wol takomst yn, mar ik bin der net sa goed yn", laket er. "Ik ryd wol ris in 5.000 meter, mar ik kom net fierder as 6.27 en dat is tsien sekonden te stadich."

Ik sjoch der wol takomst yn, mar ik bin der net sa goed yn.
Harm Visser oer de langebaanwedstriden

Dochs slút de maratonspesjalist it ek net út. "Wa wit yn de takomst. Miskien dat de ploege-efterfolging der by komme kin, mar op dit momint noch net."

Dan pakt Visser syn tas en giet er op syk nei de auto. In soad tiid is der net, want twa-en-in-heal oere nei't er yn Thialf oer de finish komt op de massastart, stiet er wer yn Utrecht op it iis om nochris in maratonwedstriid te riden.