Soad deade fûgels spiele oan op It Amelân: “Dizze oantallen ha wy noch nea sjoen”

Der spiele de ôfrûne wiken flinke oantallen skoeten, ginten en alken oan op it Noardseestrân fan It Amelân.
Hans van Houten, ien fan de frijwilligers fan de diere-ambulânse It Amelân, jout it wol wat soargen. "Se binne eins allegear tige ferswakke en ûnderfuorre, wêrtroch dat komt dêr binne wy noch net hielendal achter." Der liket sprake te wêzen fan te min fretten op see foar de bisten.
De frijwilligers fan de diere-ambulânse ride twa kear deis in rûtineronde oer it Noardseestrân op it eilân. Sa ek op freed, nei in pear hûndert meter sjocht frijwilliger Hans út de auto wei de earste deade skoet al lizzen.
"Ik fiel hjir ûnder it fearepak fuortendaliks al it boarstbonke, dus se ha hast gjin fet mear om it liif", leit van Houten út. Fan fûgelgryp liket by de bisten gjin sprake, sa die ek bliken út laboratoariumûndersyk.
Eastewyn
Nettsjinsteande de eastewyn, spielden der dus ek yn de nacht fan tongersdei op freed wer meardere deade fûgels oan. "De ôfrûne wiken spielden der benammen in soad deade skoeten, alken en ginten oan, doe't de wyn út it noard- of sudwesten kaam. De wyn dêr't it juttersbloed faak rapper fan streame sil."
Mar ek by wyn út it easten is it dus raak en dat hie fan Houten net perfoarst ferwachte. "It giet om tsientallen oanspielde fûgels yn de wike, ik tel se net allegear, mar dit ha we noch nea sjoen. It giet ek om eksoatyske soarten, want dizze fûgels briede gewoanwei sprutsen op de Skotske en Ingelske kust. Sa no en dan sjogge wy hjir wol ris ien, mar it giet no bêst wol mâl", fertelt van Houten.
De skoet is de soart dy't it measte oanspielt, sa ek op freed. Yn in pear kilometer wurde der sa'n tsien oantroffen. Hoe lang oft dizze situaasje him noch foardocht is dreech te foarsizzen, seit Van Houten.