Wethâlder Jouke Spoelstra (CDA) bliuwt by syn partij: "Omtzigt regearret op wantrouwen"

© Omrop Fryslân

Wethâlder Jouke Spoelstra wol it CDA wer op de kaart sette. Net yn Achtkarspelen mar yn Den Haach. As de nûmer alve op de list besiket er de Twadde keamer yn te kommen mei foarkarsstimmen.

De peilingen sjogge der foar Spoelstra net al te bêst út. Fiif sitten soe it CDA sa as it no liket krije fan de kiezers. "De peilingen binne gewoan soarchlik, dêr moatst as CDA net nayf yn stean", jout Spoelstra lyk ta.

Dochs tinkt er sels dat it der mear wurde sille. "Der binne tefolle minsken dy't tsjin my sizze: it CDA komt der wol. Ik tink dat wy de peilingen wol ferslaan sille."

Jouke Spoelstra oer it CDA

Dat soe neffens de wethâlder komme troch it 'Henry Bontebal-effekt'. Nei't it CDA ek wol in VVD-light neamd waard, soe Bontebal it orizjinele CDA werombringe moatte. "Hy komt wer mei de kearnwearden, it stik solidariteit en it maatskiplike ferhaal. Dat hie om my folle earder mochten, yn stee fan de rjochting nei it neoliberalisme."

Spoelstra fan Drûgeham is sûnt 2016 wethâlder yn de gemeente Achtkarspelen en siet dêrfoar goed twa jier yn de gemeenteried. No stiet er as alfde op de lânlike CDA-list.

Spoelstra hat nea tocht oer te stappen nei partijen as BBB of Nieuw Sociaal Contract, wat in soad oare CDA-ers wol dien hawwe.

© Gerco van Beek

"Ik fyn datst as it min giet mei in partij, datst der just stean moatst. Ik wol mysels ek yn de spegel oansjen kinne, net allinnich mar gean foar it baantsje. De BBB wurdt bygelyks ek faak sjoen as it CDA-light, mar dêr sit it kristendemokratysk gedachtegoed echt net yn."

Wantrouwen fan Omtzigt

Oerstappe nei de partij fan Pieter Omtzigt (NSC) wie ek gjin opsje foar Spoelstra, al liket it partijprogramma wol hiel bot op dat fan syn partij it CDA.

"Omtzigt hat in oantal dingen hiel goed bleatlein yn de keamer. Mar as ik de toan sjoch fan syn partijprogramma, regearret hy hiel bot út in stik wantrouwen wei, rjochting de oerheid. Wylst ik tink: de oerheid binne wy eins mei ús allegear, dy docht ek hiel goede dingen."

Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Jouke Spoelstra.

De fokus fan Spoelstra leit op it ferbetterjen fan dy oerheid en harren bân mei de regio. Den Haach sjocht neffens him tefolle nei it rendemint dat eltse euro opsmite moat. "Dat fyn ik net earlik, hoefolle jild der nei de Rânestêd giet. Dat moat oars, de regio telt."

Jouke Spoelstra oer Nieuw Sociaal Contract (NSC)

Spoelstra doelt op it feit dat yn de regio minder jild gien is nei it yn stân hâlden fan bygelyks iepenbier ferfier, wylst dêr yn de Rânstêd genôch jild nei ta giet. "It hiele maatskiplike rendemint wurdt hjir net meiteld", seit er dêroer.

Wethâlder én kampanje fiere

Nei sân jier gemeentebestjoerder west te wêzen, fernimt Spoelstra dat bepaalde saken allinnich út Den Haach wei regele wurde kinne. "Bepaalde subsydzjes komme frij by projekten mei mear as 500 wenningen, dy projekten binne hjir net safolle yn de regio. Ast dat feroarje wolst, en mear huzen yn de regio wolst, moast echt nei Den Haach."

Mar op dit stuit is er noch altyd wethâlder yn de gemeente Achtkarspelen. Spoelstra keas der net foar om dy baan op te sizzen, oare Twadde Keamerkandidaten Mariska Rikkers (BBB) en Aant Jelle Soepboer (NSC) diene dat wol. Rikkers ferliet Weststellingwerfs Belang en de FNP swaait Soepboer út.

Jouke Spoelstra oer it wethâlderskip

Spoelstra fynt dat syn wethâlderskip en syn CDA-kampanje wol tegearre kinne. "It is hartstikke drok mar it kin hiel moai."

Persoanlike kampanje

Dat oare kandidaten ôfstân dien hawwe fan it wethâlderskip begrypt er wol. "Der sit ien grut ferskil mei Aant Jelle en Mariska, dy bin feroare fan partij. Dan kin ik it my hiel goed foarstelle. De stânpunten fan de FNP komme net altyd oerien mei NSC, op it gebiet fan de Lelyline bygelyks."

De twa funksjes wringe yn syn gefal dêrom net, fynt er: "It kolleezje en riedsleden sizze allegear, gie derfoar want in stik regionale steun yn Den Haach mei de problematyk dy't op gemeenten ôfkomt, en dêrmei ek op de ynwenners, kin wy allinnich mar brûke."

Spoelstra hat lykwols gjin grutte kâns de keamer yn te kommen fia de kieslist. Dêrom besiket er mei in persoanlike kampanje foarkarsstimmen te krijen.