Liveblog | 28 oktober

112-nijs 28 oktober: Fertochte oanholden nei mooglike sjitpartij yn Ljouwert | By ûngelok belutsen auto fûn

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 28 oktober, 17:51
17:51

By ûngelok belutsen auto fûn

De auto dy't socht waard, om't hy sneontemoarn in fytser oanriden hie op de Bleeklaan yn Ljouwert is fûn.

De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

15:44

Auto botst mei lantearnepeal

In auto is sneontemiddei tsjin in lantearnepeal botst op de Uranusweg yn Ljouwert. By it ûngelok rekke nimmen ferwûne, mar de auto liket total loss en ek de lantearnepeal is stikken.

Auto botst mei lantearnepeal © CAMJO Media
15:16

Auto's botse by Noardburgum

Twa auto's binne sneontemiddei mei elkoar yn botsing kaam op de N356 by Noardburgum. Ien rydstripe waard ôfsletten foar it ferkear. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Auto's botse by Noardburgum © AS Media
12:39

Plysje dielt bylden fan auto dy't fytser oanried yn Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat bylden dield fan de auto dy't fan 'e moarn trochried by in oanriding.

Dêrby rekke in fytser slimferwûne.

Tsjûgen fan it ûngelok en minsken dy't de auto werkenne wurde oproppen har te melden.

De auto dy't de plysje siket
12:10

Plysje hâldt 35-jierrige man oan foar belutsenheid mooglike sjitpartij Ljouwert

Sneontemoarn is in fertochte oanhâlden foar in ynsidint dêr't "zeer vermoedelijk daadwerkelijk is geschoten", sa skriuwt de plysje.

It giet om in 35-jierrige man út Ljouwert. Hy wurdt ûnderfrege en syn belutsenheid by it sjitynsidint wurdt ûndersocht.

Nei de mooglike sjitpartij oan de Archipelweg yn Ljouwert hat de plysje in ûndersyk opset, dat moat opsmite wat de oanlieding west hat.

08:41

Fytser slimferwûne yn Ljouwert

© CAMJO Media

In fytser is sneontemoarn slimferwûne rekke oan de Bleeklaan yn Ljouwert.

Nei alle gedachten giet it om in oanriding troch in auto, dy't trochriden is.

De plysje ûndersiket de saak en siket kamerabylden en tsjûgen fan it ûngelok.