Ofgliden klups SC Cambuur en FC Grins hoopje wei nei boppe yn te slaan

Ferline seizoen spilen se beide noch op it heechste fuotbalnivo yn Nederlân: SC Cambuur en FC Grins. No steane beide ploegen der yn de Keuken Kampioen Divisie net al te florissant foar: it binne de nûmers tolve en trettjin.
Beide ploegen hawwe 14 punten út alve wedstriden. Benammen foar FC Grins is dat hiel teloarstellend. By Cambuur leit de latte sûnt Henk de Jong oan it roer stiet wat leger.
De Jong hat earder sein dat Cambuur spylje sil om plak fiif oant en mei acht. "Wy binne in ploech yn opbou", sa seit De Jong. "Wy sille net lykas trije jier lyn alles winne. It giet dit jier mei 'vallen en opstaan'."
De Jong is no goed twa wiken dwaande as haadtrainer en hy is tefreden oer wat hy oan ûntjouwing sjocht. "De jonges binne kritysk: op elkoar en op harsels. We sjogge bylden werom en dan sizze se sels wat se net goed dien hawwe. En we traine goed. Ik haw se nei de training by elkoar hân en sein dat ik genoaten haw. Sa goed waard der traind."
Foar snein sil der net in soad feroarje yn de opstelling. Silvester van der Water is der net by nei syn oanfarring mei De Jong. Dat betsjut dat Milan Smit fan links ôf spylje sil en dat Robert Uldrikis yn de spits komt. Remco Balk begjint krekt as ferline wike fan de rjochterkant ôf.
Uldrikis skoart op de training
Oer Uldrikis is De Jong ek tefreden. De spits rekke syn basisplak kwyt oan Milan Smit, mar begjint yn foarm te reitsjen, sa seit De Jong. "Hy begjint goals te meitsjen op de training. Dat hawwe we in skoft net sjoen. Dat sil skylk yn de wedstriden ek barre."
FC Grins stiet krekt as Cambuur net heech yn de Keuken Kampioen Divisie. Dochs is Grins in hiel lestige tsjinstanner, sa seit De Jong. "Sy spylje in hiel nuver systeem, mei in protte minsken oan de binnenkant; soms opportunistysk."
De Jong sjocht lykwols wol kânsen. "It is in lestige tsjinstanner. Mar as wy it goed foar elkoar hawwe dan krije wy goeie kânsen om te fuotbaljen."