Liveblog | 29 oktober 2023

Gjin finaleplak foar Noppert op EK | Tim Prins ferrast mei oerwinning op 1.000 meter

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 29 oktober 2023, 22:43
snein 29 oktober 2023
22:43

UNIS Flyers troch nei heale finale beker

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne troch nei de heale finale fan it lanlike bekertoernoai. Op It Hearrenfean wûn de ploech mei 6-0 fan GIJS Groningen. Yn it earste duel fan sneon wiene de Flyers ek al rom te sterk: 7-0.

21:52

Shorttracker De Laat wint B-finale yn Montreal

Itzhak de Laat hat sneintejûn op de 1.500 meter yn Montreal (Kanada) de B-finale wûn op de ISU World Cup. De shorttracker die dat yn in tiid fan 2.22,447. Yn de heale finales grypte De Laat krekt njonken in plak yn de A-finale om't hy tredde waard.

20:11

Gjin finaleplak foar Noppert op EK nei einsprint fan Peter Wright

Danny Noppert stiet sneintejûn net yn de finale fan it European Championship yn Dortmund. De Jouster darter ferlear yn de heale finale mei 11-8 fan Peter Wright. Dat wylst Noppert mei 8-5 foarstie tsjin Wright.

Earder hjoed kaam de Fries noch werom fan in enoarme efterstân tsjin Gerwyn Price en pleatste Noppert him foar it earst yn syn karriêre foar de heale finales fan it EK. Dy heale finale is no it einstasjon.

© PDC
17:52

Tim Prins rydt persoanlik rekôr en wint de 1.000 meter

In grutte ferrassing op de 1.000 meter fan it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Tim Prins hat nammentlik dy ôfstân op syn namme skreaun.

It 20-jierrige sprinttalint ried in gigantysk stik fan syn bêste tiid ôf. Dat wie 1.09,15 en dêr makke de Jouster no 1.07,97 fan. Prins ried earder dit wykein op de 500 (6e) en 1.500 meter (8e) ek al in persoanlik rekôr. Nei him kamen toppers as Kjeld Nuis, Hein Otterspeer en Thomas Krol net oan de tiid fan Prins, wêrtroch er him fersekeret fan in wrâldbekerticket.

Rem de Hair, ek fan De Jouwer, ried mei 1.10,29 ek in persoanlik rekôr. Rinze-Bart de Glee fan Rottum finishte net trochdat hy foel yn de lêste bocht.

Utslach 1.000 meter manlju

1. Tim Prins 1.07,97 (pr)
2. Tijmen Snel 1.08,09 (pr)
3. Kjeld Nuis 1.08,11
4. Jenning de Boo 1.08,15 (pr)
5. Janno Botman 1.08,20
15. Rem de Hair 1.10,29 (pr)
Rinze-Bart de Glee finishte net troch in fâl
16:54

Marijke Groenewoud sjocht werom op in tige suksesfol wykein

Marijke Groenewoud
16:54

Kok, Rijpma-de Jong en Fledderus mei Drost nei de wrâldbekers

Jutta Leerdam hat sa as ferwachte de 1.000 meter wûn. Se wie mei ôfstân de bêste. Best-of-the-rest wie Femke Kok. Antoinette Rijpma-De Jong waard knap tredde, Marrit Fledderus kaam der ek goed tusken mei in fjirde plak.

De ferrassing op de 1.000 meter wie Helga Drost fan Akkrum. Mei in fyfde plak pleatste se har foar de wrâldbekers. Michelle de Jong stelde juster al bot teloar en waard hjoed sels 18e. Se hat lêst fan har skynbonke.

Utslach 1.000 meter

1. Jutta Leerdam 1.13,64
2. Femke Kok 1.14,70
3. Antoinette Rijpma-de Jong 1.14,87
4. Marrit Fledderus 1.14,93
5. Helga Drost 1.15,28 (pr)
13. Myrthe de Boer 1.16,52
14. Anna Boersma 1.16,64 (pr)
18. Michelle de Jong 1.17,34
19. Sanne Westra 1.17,43 (pr)
24. Amber Duizendstraal 1.20,17