Dit binne de konkurrinten fan Melissa Pander op it Regio Songfestival

Melissa Pander © Omrop Fryslân

De trettjin finalisten fan it earste Regio Songfestival binne bekend makke yn Utrecht. De ôfrûne moannen ha alle trettjin regionale omroppen binnen de eigen regio socht nei de bêste kandidaat foar de finale fan dit lanlike songfestival op 4 novimber.

Melissa Pander sil by de finale yn Utrecht Fryslân fertsjintwurdigje mei it nûmer 'Foarby'. Se moat fuortendaliks yn aksje komme, want Pander mei de show iepenje. Dêrmei wurdt 'Foarby' it allerearste ferske op it Regio Songfestival ea.

De startfolchoarder op it Regio Songfestival

Startnûmer Omrop Artyst Nûmer
01 Omrop Fryslân Melissa Pander Foarby
02 RTV Oost Leon Moorman Dat ik leef
03 Omroep Gelderland AleXingt! Treinreis
04 Omroep Zeeland Smaakstof Nacht van de nacht
05 RTV Drenthe Lisa Harms Tot de zun uut giet
06 L1 Emmy Ackermans 't Letste rundje
07 Rijnmond Remedy Nooit is het genoeg
08 RTV Utrecht Melanie Ryan Achterom
09 Omroep Brabant Sam & Merijn Proost op het leven
10 RTV Noord Wat Aans! Wakker in Grunn
11 Omroep Flevoland Abtin Salem Kleurenblind
12 NH Emma Koning Mag het licht nog één keer aan?
13 Omroep West LIEN Waar ben je dan?

Sjoch hjir nei in gearfetting fan alle ferskes:

Dit binne de konkurrinten fan Melissa Pander op it Regio Songfestival

De 22-jierrige sjongeres út Aldemardum wûn twa wiken lyn it Fryske sjongfestival Liet. 'Foarby' is in leafdesferske oer it momint wêrop't Pander har freon moete. "It giet oer it gefoel datst wolst dat dat momint noait mear foarby giet", leit se út.

Melissa Pander hat der nocht oan om op te treden by it Regio Songfestival

Pander hat har nûmer ferline wike opnaam yn de studio. Fierders is se drok dwaande mei de tariedingen foar it Regio Songfestival.

Melissa Pander mei har winnende ferske op Liet 2023:

De presintaasje fan it evenemint is yn hannen fan âld-Songfestivaldielnimmer Stefania Liberakakis en Riks Ozinga en Bernadette Keizer fan RTV Utrecht.

It earste Regio Songfestival wurdt op sneon 4 novimber fan 20.30 oere live útstjoerd op de sosjale media-, YouTube- en telefyzjekanalen fan Omrop Fryslân en de oare regionale omroppen.

It evenemint wurdt organisearre troch alle trettjin regionale omroppen.