Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen ûnder druk: "Het is twee voor twaalf"

Kees van Wonderen © ANP

De druk op trainer Kees van Wonderen is enoarm as sc Hearrenfean it sneontejûn opnimt tsjin promovendus Heracles Almelo. "Mijn hoofd ligt op het hakblok."

Hearrenfean sit yn in sportive krisis. Ut de lêste sân wedstriden waard mar ien punt helle. Opfallend is ek it hege oantal tsjindoelpunten (21), it measte fan alle ploegen yn de earedivyzje.

Nei njoggen wedstriden stiet Hearrenfean op it fyftjinde plak. Neffens supportersferiening Nieuw Noord is it fiif foar tolven en dat jildt ek foar de takomst fan trainer Kees van Wonderen by Hearrenfean.

Kees van Wonderen fertelt oer hoe't hy sjocht nei de situaasje

"Ik vind het twee voor twaalf", reagearret Van Wonderen. "Wil je uit deze situatie komen, dan zullen we tegen Heracles goed moeten zijn en er enorm veel energie in moeten stoppen. We kunnen ons nu niet meer verschuilen achter welke reden dan ook."

Ik snap dat er gevoelsmatig een eind aan zit
Kees van Wonderen oer syn takomst by sc Hearrenfean

"Misschien ligt mijn hoofd ook wel op het hakblok en is het moment daar om te zeggen: we hebben te weinig punten en het spel is onvoldoende", seit hy realistysk.

"Uiteindelijk zullen de technisch verantwoordelijke mensen daar een beslissing over moeten nemen, maar ik snap dat er gevoelsmatig een eind aan zit."

De wedstriid sc Hearrenfean - Heracles Almelo is sneontejûn om 18.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Roelof de Vries.

"Als trainer beleef je hoogtepunten, maar je hebt ook mindere momenten en dan worden er andere dingen gevraagd. De situatie waarin we nu zitten, omschrijf ik als taai", stelt Van Wonderen.

Foar no hâldt de trainer lykwols hoop. "Ik zie dat de jongens hun uiterste best doen, ook al wordt dat nog niet vertaald in resultaat. Je wilt graag dat mensen beloond worden voor het werk dat ze erin stoppen. En als dat niet zo is dan voelt dat zwaar."

Ion Nicolaescu is der tsjin Heracles noch net by. De oanfaller is noch net foldwaande opknapt fan syn búkspierblessuere. Fierder beskikt Van Wonderen oer in folslein fitte groep.