De Jong wol net folle kwyt oer konflikt mei Van der Water: "Mar it is ûnsin dat der fochten is"

It bliuwt ûndúdlik wat der no krekt foarfallen is tusken Cambuurtrainer Henk de Jong en oanfaller Silvester van der Water. Dy lêste waard ferbannen út de earste seleksje nei spul mei de trainer.
Der geane geroften dat De Jong en Van der Water fochten hawwe en der is sels in ferhaal dat ien fan de twa yn de noas biten is. "Unsin", sa seit De Jong. "Silvester en ik hawwe al in langer skoft ferskil fan ynsjoch oer hoe't wy mei Camnbuur fuotbalje wolle. Wy spylje yn in hege yntinsiteit en dêr moat eltsenien yn meidwaan."
Neffens de trainer brocht Van der Water dêr te min yn. Hy waard yn de wedstriid fan ferline wike tsjin MVV ek wiksele. Van der Water wie bepaald net bliid mei dy wiksel. Nei de wedstriid soenen der op syn minst hurde wurden fallen wêze.
Neffens De Jong binne der gjin klappen fallen, mar wie it foar him wol de drip dêr't de amer fan oerrint. "De grins berikt? Ja, sa is it. Doe haw ik sein: no hâldt it op. Mar ik doch dit net út myn eigen belang. Ik doch dit yn it belang fan de klup."
De Jong seit dat der fierder neat oan de hân is. "Silvester komt nije wike wer op de training by Jong Cambuur. Dan krûpe we elkoar wer oan. En we prate mei elkoar. En hy moat traine. Ik tink dat Silvester by in oare klup, dat yn in oar systeem spilet, hiel goed spylje kin. Yn de winterstop sil besjoen wurde hoe't it no fierder moat."
Cambuur wol fan de oanfaller ôf. Dat is wol dúdlik. Van der Water koste in oardel jier lyn sa'n sân ton. De djoerste oankeap ea. Cambuur sil in foars ferlies ynkassearje moatte by ferkeap fan Van der Water en besiket der alles oan te dwaan om de skea te beheinen.