Sa sjocht it wurk oan it Fryske spoar der dizze wike út

It is in gigantyske put: it ûnderhâld fan it Fryske spoar

Wiksels ferfange, wurk oan boppeliedingen en it stoarten fan nij grint. Dat binne samar wat wurksumheden dy't dizze hjerstfakânsje dien wurde oan it Fryske spoar.

Spoarbehearder ProRail hat njoggen dagen de tiid om it spoar wer by de tiid de bringen. Oant moandei ride op guon trajekten yn Fryslân gjin treinen fanwegen it wurk. Reizgers moatte yn guon gefallen de bus pakke, wat foar harren faak in langere reistiid betsjut.

Stasjon Ljouwert

Ien fan de plakken dêr't dizze wike wurke wurdt, is flak by it stasjon yn Ljouwert. Yn njoggen dagen tiid wurdt dêr 600 meter spoar oanpakt en draaie monteurs yn totaal 300 tsjinsten om it wurk klear te krijen.