Koälysje Dantumadiel yn radiostilte oer gefoelige oaljekoekesoap

© ANP

De koälysje yn Dantumadiel hâldt in radiostilte oer de gefoelige oaljekoekesoap. De ferkeap fan oaljekoeken is op snein 31 desimber ferbean, mar in part fan de gemeenteried wol dêr feroaring yn bringe. De koälysje bliuwt foarearst op de flakte.

It wurdt al 'oaljekoekegate' neamd: âldjiersdei falt dit jier op in snein en neffens de regels yn Dantumadiel meie winkels fanwegen de sneinsrêst op dy dagen net iepen. In wurdfierder fan de gemeente liet begjin dizze wike witte dat der ek gjin ûntheffing komme soe.

Dat soe betsjutte dat oaljekoekeferkeaper Gerard Mollema fan De Westereen de saak tichthâlde moat op âldjiersdei of syn kream ferpleatse nei in buorgemeente. "Mar dan moat ik de wein nachts ferhúzje en ik ha it al sa drok", sei er.

Yn de ried komt der no dochs mooglik stipe foar de ûndernimmer. In moasje fan BVNL ropt op om in útsûndering te meitsjen. "Dizze minsken moatte it krekt op dizze dei fertsjinje", seit riedslid Joran Jager.

BVNL-riedslid Joran Jager © RTV NOF

Dy krijt stipe fan in oare opposysjepartij: "Wy binne ree om foar dizze kear in útsûndering te meitsjen", seit CDA-fraksjefoarsitter Hilbrand Visser. "Wy hechtsje hiel bot oan 'e sneinsrêst, mar tagelyk kin it net sa wêze dat kristlike minsken oaren oplizze hoe't se libje moatte."

BVNL en CDA binne mei-elkoar goed foar fiif sitten. De gemeenteried fan Dantumadiel bestiet út santjin leden en dus binne der yn totaal njoggen stimmen nedich om de moasje dertroch te krijen.

Radiostilte

De fjouwer koälysjepartijen - ChristenUnie, Sociaal Links, SGP en Gemeente Belangen Dantumadiel - ha mei-elkoar tsien sitten. Leden fan dy partijen wolle neat oer de kwestje sizze tsjin Omrop Fryslân en brûke de term radiostilte.

De ried stimt op moandei 6 novimber oer de moasje.