Nederlân probleemleas lâns Tsjechië: Faber en Faber nei earste WK-finale

Ran Faber en Femke Faber ha har mei Nederlân pleatst foar de finale fan it wrâldkampioenskip kuorbal. Yn de heale finale waard it 41-13 tsjin Tsjechië.
Nederlân starte as in spear en pas doe't it 14-0 wie, skoarde Tsjechië foar it earst. Dat wie oan de ein fan it earste kwart. Yn it ferfolch fan de wedstriid rûn Oranje stadichoan fierder út.
De rol fan de twa Friezen, dy't oan harren earste WK dwaande binne, wie beheind: Ran Faber begûn yn de basis en skoarde ien kear. Nei trije kwarten waard er wiksele. Femke Faber kaam net yn aksje.
Earder dit toernoai wûn Nederlân yn de pûlfaze al mei 37-9 fan Tsjechië.
Finale tsjin Taiwan
Yn de finale, snein om 7.45 oere, spilet Nederlân tsjin Taiwan, dat yn de heale finale won fan België. It is foar it earst dat Nederlân de finale tsjin in oar lân as België spilet.
Mocht Nederlân winne, dan is it de alfde wrâldtitel. De iennige kear dat de einoerwinning nei in oar lân gie, wie yn 1991: doe wie België yn eigen hûs de bêste.