Ridwan út Ljouwert wol rapper wurde en syn mem bliid meitsje

King Ridwan © Omrop Fryslân

Ridwan is in bekend figuer yn de binnenstêd fan Ljouwert én op TikTok. Hy hat tsientûzenen folgers. De 20-jierrige Ljouwerter wurket yn de âldereinsoarch, mar syn dream is rapper wurde.

Mei de film 'King Ridwan' makke regisseur Sammy Shefa Idris in prachtich portret fan dizze freonlike en ambisjeuze jonge man.

Freed yn DOKtober wiidweidich oandacht foar dizze film:

Mei syn filmkes op TikTok is Ridwan ôfgryslik populêr wurden, mar hy krijt ek in soad haatreaksjes. Foar him is dat pynlik, mar hy lit him dêrtroch net út it fjild slaan.

Ridwan hat in licht ferstanlike beheining, mar ek troch dy 'achterstân', sa't er it sels neamt, lit er him net tsjinhâlde. Hy wol dat minsken him serieus nimme.

Yn de film libbet er ta nei syn earste grutte rapoptreden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.

Syn wurk yn âldereinhûs Greunshiem yn Ljouwert foldocht Ridwan tige goed. "Ik houd van oude mensen", seit er. Hy betinkt sels in leuke aktiviteit foar de bewenners: in echte rollatorrace!

Fierders folget de film hoe't syn selsskreaune hit op plaat set wurdt, en hoe't King Ridwan lang om let syn earste optreden hat yn Neushoorn. "Maak iets met je leven, maak je school af, ga niet hangen op straat, maak je moeder blij!" rapt Ridwan.

Regisseur Sammy Shefa Idris komt út Hurdegaryp en sit op de Filmacademie yn Amsterdam. Hy is like âld as Ridwan en koe him in bytsje fan eartiids, doe't se tegearre op de moskeeskoalle sieten.

Op in dei siet Sammy mei freonen op it terras yn Ljouwert en dêr kaam Ridwan foarbyrinnen. "Oer him kinst wol in film meitsje!" rôpen syn freonen. Sammy hie fuort al it idee dat der folle mear skûlet yn Ridwan as dat al dy tûzenen TikTokfolgers tinke. Hy woe in portret meitsje dat Ridwan sjen lit sa't er 'echt is'.

Yn DOKtober praat Karen Bies mei Sammy Shefa Idris en Tessel van der Linden, regisseur en produsinte fan 'King Ridwan'. Oan tafel sit ek Maaike Meindertsma, de makker fan de koarte film 'Senuwen', út it projekt 'Nije eagen'.

DOKtober is op freed en sneon om 19.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.

DOKtober stiet 14 dagen nei útstjoering online op de webside en app fan Omrop Fryslân. Meer ynfo op de programmaside fan FryslânDOK.