Grypt Marijke Groenewoud dizze winter de macht op it iis?

Yn it kommende reedrydseizoen nimt Marijke Groenewoud de macht oer. Dat tinkt âld-reedrider Jesper Hospes. Freed begjint it seizoen mei it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai.
De ôfrûne jierren is Groenewoud better en better wurden, mei ûnder oaren twa wrâldtitels massastart as gefolch. Wat kinne we dit seizoen ferwachtsje fan de 24-jierrige Hallumse?
Dizze fraach lizze wy foar oan trije saakkundigen: coach Arjan Samplonius, âld-ploechgenoate Carien Kleibeuker en analist en âld-reedrider Jesper Hospes.
Arjan Samplonius is sûnt 2019 coach by team Albert Heijn Zaanlander. De ôfrûne jierren hat de Fryske âld-reedrider hieltyd mear it stôkje oernaam fan haadcoach Jillert Anema.
Carien Kleibeuker helle yn 2014 op 35-jierrige leeftiid brûns op de 5.000 meter by de Olympyske Spelen fan Sotsji. Twa jier letter pakte se sulver by de WK ôfstannen yn Kolomna. Trije jier lyn sette Kleibeuker in punt efter har karriêre. Se wurket by in sikehûs yn Grins.
Jesper Hospes makke 14 ier diel út fan de lanlike reedrydtop. De trochbraak nei it ynternasjonale poadium slagge de koartebaanspesjalist lykwols net. Hospes is by grutte wedstriden analist by Omrop Fryslân. Yn it deistich libben wurket hy by Smit Staal op It Hearrenfean.
Wat kinne we dit seizoen fan Groenewoud ferwachtsje?
Samplonius: "'IJs en wederdienende' is se in stapke better as ferline jier. Dat har nivo hartstikke bêst is, docht bliken út alle trainingen en de earste trainingswedstriden. Se moat it no sels dwaan, kommend wykein ek."
Kleibeuker: "Ik verwacht dat ze weer een stap zet, gezien haar ontwikkeling, haar leeftijd en haar manier van in de sport staan. Ze heeft een mindset die past bij het steeds verbeteren van jezelf. Dat doet ze op een koele manier en dat helpt haar onwijs."
Foarhinne joech Antoinette har noch in pak op de broek, mar no begrypt Marijke hieltyd better hoe't se dy ôfstân ride moat.
Hospes: "Ik tink dat se de troan fan Irene Schouten dit seizoen al oernimt. De kneppel wurdt yn it hinnehok smiten. Marijke en Irene binne twa geweldige ploechgenoaten, mar ik fyn Marijke al jierren better yn de sprint. Dit kin it jier wêze fan de wikseling fan de wacht."
Samplonius: "Se wurdt hieltyd better op de 1.500 meter. Foarhinne joech Antoinette (Rijpma-de Jong, red.) har noch in pak op de broek, mar no begrypt Marijke hieltyd better hoe't se dy ôfstân ride moat. En op de 5.000 meter ûntduts se harsels ferline seizoen. Dat sil dit seizoen noch sa wêze."
Hospes: "Se hat wat ritich west op de 1.500 meter, mar hokker topper is konstant op de 1.500 meter? Op de 1.500 is se hoe dan ek better as Schouten en se giet yn 'e rjochting fan Antoinette. Dy moat oppasse, want Marijke is in alleskinner."
Der is dit seizoen in WK allround (begjin maart) én fansels in WK ôfstannen (heal febrewaris). Wêrop moat Groenewoud har pylken rjochtsje?
Samplonius: "Gewoan op beide. It ien slút it oar net út, it is prima te kombinearjen."
Kleibeuker: "Ik denk niet dat ze daarin keuzes moet gaan maken. De praktijk heeft uitgewezen dat je dat wel kunt combineren, want je doet aan periodisering en zorgt dat je in die fase van het seizoen top bent."
Hospes: "Dat fyn ik in drege. Ik soe foar beiden gean. Se moat it gewoan besykje. As je yn Calgary (dêr is yn febrewaris it WK ôfstannen, red.) goed binne en krijst wjukken, dan giest sa noflik nei it WK allround."
Heit en mem ha de nasy miskien net mear klear foar har, mar se hat sels wol tiid om iten te meitsjen.
No wennet Groenewoud sûnt koart mei har freon, dêr't se foarhinne noch thús wenne. Wat foar ynfloed kin dat hawwe op it kommende seizoen?
Samplonius: "Ik tink net dat it in soad ynfloed hat. It momint dat it ynfloed hie, hat eins al west. Dat is as je it hûs keapje, ynrjochtsje en ferbouwe. Dat is allegear no klear."
Kleibeuker: "Je bent geen robot, dus het heeft altijd invloed. Maar hoeveel precies, dat weet je niet. De één gaat daar ook anders mee om dan de ander. Het hoeft niet negatief te zijn. Het is een volwassen meid, dat kan ze heus."
Hospes: "Marijke is hiel nochteren, dus ik tink dat dat neat byt. Heit en mem ha de nasy miskien net mear klear foar har, mar se hat sels wol tiid om iten te meitsjen. Se rydt dochs wol hurd. Se hat no thús in eigen plakje, dus it kin ek win-win wêze."
Samplonius: "Marijke hat wol tajûn dat se it ûnderskat hat. It hat mear fan har frege as se tocht. Om ditsoarte saken rêstich te krijen, ha we dizze simmer hast twa moannen fuort west op trainingskamp. Do setst se eins hast yn in finzeniskamp. It iennige dêr't se oan tinke moatte, is ite, sliepe en traine. Want thús fleane se oeral hinne."
Kin se kommend seizoen Irene Schouten en Antoinette Rijpma-de Jong foarby stribje?
Samplonius: "Gjin idee. Irene en Antoinette ha in neidiel en dat is de wet fan de remjende foarsprong. It is foar Marijke makliker om stappen te meitsjen nei harren ta as foar dy oare twa om stappen foarút te meitsjen. Ik hoopje dat Marijke de konkurrinsje oangean kin. En neffens my makket se it dy oare froulju al lestich."
Kleibeuker: "Ik vind het lastig inschatten. Marijke en Irene zijn fysiek gezien echt verschillende schaatssters. Voordat je iemand verslaat, moet er heel wat gebeuren. Het gaat een heel mooie strijd worden, omdat er twee à drie supergoede Nederlandse dames staan op dit moment."
Hospes: "Ja, ik tink dat se de macht grypt dit jier. As we it oer Marijke hawwe, dan hawwe we it oer in alleskinner. As alles goed falt, kin se de 1.500, 3.000 en 5.000 meter winne. Dat soe unyk wêze. Mar it is net ûnmooglik. As se goed is, dan docht se mei foar de winst."
Op dit moment is Irene beter, want de tijd telt. Maar voor beiden is het nog niet eindig.
Kleibeuker: "Op de 1.500 meter zijn een aantal klasbakken gestopt de laatste jaren. Daar liggen kansen en daar stapt Marijke in. Op de 3.000 en 5.000 meter heeft Irene het niveau echt een stap hoger gebracht. Op dit moment is Irene beter, want de tijd telt. Maar voor beiden is het nog niet eindig. Het zijn echt wereldtoppers."
Hospes: "De 1.500 meter hinget wol gear mei karren. Ast in wedstrydsje hast dêr't net elkenien top is, dan wint Marijke. Binne se beiden útrêste op in WK, dan is Antoinette miskien noch krekt wat better. Mar Marijke kin dit jier ek gean foar de wrâldtitel op de 1.500 meter."
Samplonius: "Dit is de wedstriid dêr't eltsenien nei ta wurket. Wat oant no ta west hat, is allegear foarspul. Antoinette rydt ek in prima tiid en is yn oarder. Marijke en Irene moatte oan de bak en dan sjogge we dan wol wêr't se steane."
Wat falt der te fertsjinjen op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai?
Startplakken foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden yn Obihiro (Japan), Peking (Sina), Stavanger (Noarwegen) en Tomaszow Mazowiecki (Poalen).
Nederlân hat by de manlju en de froulju op alle yndividuele ôfstannen fiif startplakken. It betsjut dat de bêste fiif riders op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai har yn prinsipe pleatse foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.
- By de froulju giet it om de earste fiif rydsters op de 500, 1.000, 1.500 en de komby tusken de 3.000 en de 5.000 meter.
- By de manlju giet it om de earste fiif riders op de 500, 1.000, 1.5000 en de komby tusken de 5.000 en de 10.000 meter.