LWD Basket nei dramatysk ferlies noch altyd sûnder oerwinning

Dimitri Maconda fynt Sean Flood op syn paad © Dijks Fotografie

LWD Basket hat yn syn fiifde kompetysjewedstriid in grutte foarsprong fuortsmiten. Den Helder, dat krekt as LWD Basket syn earste fjouwer wedstriden ferlern hie, pakte yn de slotminuten de oerwinning: 75-76.

De besikers begûnen yn it Kealledykje better oan de wedstriid, dy't fanwegen technyske problemen in healoere letter úteinsette. Den Helder rûn út nei in foarsprong fan 12-4, mar dêrnei sette de ploech fan Vincent van Sliedregt oarder op saken: mei tank oan trije trijepunters fan Kaleb Warner einige it earste kwart yn 21-16 foar LWD Basket.

By it skoft wie dy foarsprong útwreide nei njoggen punten (42-33). By de start fan it fjirde kwart wienen dêr noch fiif fan oer (62-57). LWD Basket rûn dêrnei wer wat út en kaam op 68-59.

Soad missers

Doe gong it mis: Sean Flood skoarde yn in pear minuten acht punten foar Den Helder en LWD Basket miste seis trijepunters en fjouwer frije worpen. Sa wie it ynienen 72-72. Yn de slotminút pakten de besikers de foarsprong en stienen dy net mear ôf.

R.J. Gunn, oant dizze wedstriid topskoarder fan LWD Basket, kaam net ta skoaren. Adrian Delph (18) en James Moors (17) einigen wol yn de dûbele sifers, mar it wie net genôch foar de earste oerwinning. Nei fiif wedstriden steane de Ljouwerters lêste.