Famylje fan Quatrebras hâldt op mei hannel nei in libben tusken de dakpannen

Nei 27 jier falt it doek foar dakpanhannel De Graaf yn Quatrebras. Eigeners Remmelt en Joke de Graaf fine it moai west. Dêrmei komt der in ein oan in saak dy't in begryp is yn de regio.
De kar foel Remmelt en Joke swier. "Wy tochten der al twa jier oer nei", fertelt Remmelt. "It is net in maklik beslút. Us pake hat it kocht en myn heit hat hjir buorke. En no sitte wy hjir. It hat wol in betsjutting."
"Wy ha no de leeftiid fan 68 en 65 en dan hat it wol moai west", fynt Joke. "It is swier wurk en der moat altyd hiel wat foar barre. Dus it hat moai west. Wy wolle mear frijheid en genietsje."
Gat yn 'e merk
Yn 1996 begûn Remmelt mei in dakpanhanneltsje, njonken syn gewoane baan. It die bliken dat dakpannen in gat yn 'e merk foarmen en nei in pear jier wisten in soad minsken Quatrebras te finen.
Dat wie foaral it gefal nei stoarmen of needwaar. Klanten kamen fan hein en fier om tusken de hûnderten soarten dakpannen te sneupen. In soad klanten freegje it pear wêr't se no hinne moatte foar harren dakpannen. Mar in soad alternativen binne der net yn de regio.
Fierder yn de hannel
De mear as hûndert jier âlde pleats en de omlizzende grûn steane no te keap. Nije dakpannen wurde net mear ynkocht en wat oerbliuwt giet nei alle gedachten nei in gruthannel.
Mar eins hoopje Remmelt en Joke de Graaf dat ien de folsleine hannel oernimt. "It leafst ien mei hert foar de saak."