Ferskate kij yn Fryslân deagien oan blautonge: minder dielnimmers feekeuring

In ko wurdt nei de ring brocht foar de Veekeuring Fryslân © Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Der binne ek kij deagien oan it blautongefirus yn Fryslân. Dat seit de organisaasje fan de provinsjale feekeuring yn Oentsjerk. Dy krigen ferskate ôfmeldingen foar it evenemint, fanwege blautonge.

Oant no ta waarden benammen skieppehâlders rekke troch it blautongefirus. Mar it probleem is grutter as skiep allinne.

It firus is it praat fan de dei op de feekeuring. "Wy ha soad oerlis hân en neitocht, bygelyks oer oft it wol trochgean koe. Wy tinke dat it kin. It firus wurdt net fan bist op bist ferspraat, mar troch in michje. Dy besykje wy bûten te hâlden", seit foarsitter Willem Dotinga.

Waskje

De kij dy't op de keuring komme, binne nei alle gedachten ferskate kearen wasken. Dat makket de kâns op in michje op 'e hûd fansels lytser.

"Se binne koart skeard, dus gjin lang hier op 'e lea. Yn ús eagen binne dat gjin bisten dy't it michje meisjouwe kinne. Yn oerlis mei de spesjalisten seagen wy gjin beswier om de keuring te hâlden", leit Dotinga út.

Lânbouminister Piet Adema bringt in besite oan bedriuw dat troffen is troch blautonge (Nederhorst den Berg) © ANP

Yn totaal is 30 persint fan it oantal bisten dat komme soe net nei Oentsjerk kaam. "Dat is mear útfal, troch blautonge."

Der binne sels al kij deagien ûnder de oanmeldingen. "Wy libje mei de troffen ynstjoerders mei dy't deade kij by de dyk lein ha. Dat komt spitigernôch ek yn Fryslân foar."

Krekt dêrtroch hat it trochgean fan de keuring efkes faai stien. "Dan tinke je nochris ekstra nei. Mar wy fine it ferantwurde om it dwaan", seit Dotinga.

Ferskate soarten kij

Der klinke ferskate ferhalen oer kij dy't it net oerlibje. "De iene seit: it binne myn produksjekij dy't wat minder wjerstân hawwe en no troffen wurde, de oar seit wer dat it kij wienen mei in royale kondysje. Dy gnodmich makket skynber gjin ûnderskied dêryn."

Der binne ek kij yn Fryslân deagien oan blautonge

It is foar de 18e kear dat de provinsjale feekeuring plakhat. "Wy ha ien kear mist troch it coronafirus", fertelt Dotinga. Der kinne sa'n 800 minsken by it evenemint wêze.

Veekeuring Fryslân is in gearwurking tusken trije keuringskommisjes, dy fan Noardeast-Fryslân, Súdeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân. Yn 2005 waard de earste provinsjale keuring organisearre, doe wie dat noch mei it hynste-evenemint Indoor Friesland.